NIJS   05-05-2021


Jou ús jeugd in stim, sa reitsje se lokaal ferbûn!

Dat is wêr ik, Gea Iedema (FNP) yn leau: de jeugd in stim jaan en hja serieus nimme om se sa te behâlden foar Waadhoeke. Want dat bart fansels, as se yn ferbining steane mei harren buert, doarp en/of omjouwing.

"Jou ús jeugd in stim, sa reitsje se lokaal ferbûn!" (Gea Iedema)

Myn persoanlike spearpunt hat derfoar soarge dat der no in jongerenrie yn Waadhoeke aktyf is, en in berneboargemaster oansteld is. In bernerie (10-14 jier), springplanke foar ús jongerenraad, ûntbrekt noch mar leit op de planke by de gemeente (mei tank oan de jongereinrie.

 

Wêrom ik it wichtich fyn dat ek jonge ynwenners in stim hawwe yn ús gemeente? Allinne al it feit dat bern ûnder de 10 jier har soargen meitsje oer de natuer en it nedich fine om ferskate pamfletten te meitsjen (sjoch foto), en dy út te súteljen by ús yn ' e buert. Ik ha Jurre, Hylke en Rikst dêrom opsocht en frege, wêrom ' t se tinke dat de natuer rêden, en der gjin beammen kapt wurde moatte. Dêr binne se dúdlik oer:

 

“Wy wienen op in moarn oan it boartsjen en doe fûnen wy allegear rotsoai, ek in mûlekapke. Dêr binne wy kjel fan wurden. Dat is net goed foar de natuer."

 

Ek ús berneboargemaster Hester Sytsma makket har soargen oer al it swalkôffal en hat dêr in plan foar betocht. Piter de Groot, ús earste berneboargemaster, fûn dat bern mear bûten boartsje moasten. Hy woe in grutte boartersplak yn de natuer.

Dan de jongereinrie. Sy sette har yn foar feiligens, bioferskaat, miljeu en duorsume enerzjy. Hoe moai is it, dat hja har plannen op it júste plak ûnder de oandacht bringe kinne? Sy binne op it lêst ús takomst.

 

Bliuw dêrom (ek as ik stopt bin) altyd aktyf harkjen nei ús jeugd en jongerein en fasilitearje har ideeën om inisjativen mooglik te meitsjen yn Waadhoeke. Belûk se by it ekonomysk aksjeplan en mear... Sa reitsje se lokaal ferbûn en meastentiids en faaks ek foar langere tiid.

 

Foar de ferkiezings yn maart 2022 steane nije folksfertsjintwurdigers klear en meitsje ik graach plak foar de jongere generaasje. Of ik klear bin yn of mei de polityk? Dêr doar ik noch gjin ja op te sizzen. Mar ik wol foarearst mear omtinken jaan oan myn bedriuw: GJIZ Online Media Support. Doel: mear ferbine mei oare mediabedriuwen en de jongerein (stagiairs) stypje yn harren groei nei profesjonal.

 

Ta beslút wol ik noch wat meijaan oer de meartaligens yn Waadhoeke; ‘as je alle talen ferstean en/of sprekke, (Biltsk, Franekers, Frysk en Nederlânsk) geane mear minsken écht mei dy yn petear. Taal ferbynt. -- Op foto (mei tastimming fan heit en mem): V.l.n.r. Gea Iedema, Jurre Hibma, Hylke Galema en Rikst de Haan.



Tags: Jongerein

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer