NIJS   27-05-2021


Stop de agresje by de Frjentsjerter miljeustrjitte

Fanwege de Corona-maatregels is mar in beheind tal auto's tastien op it perron fan 'e miljeustrjitte fan Omrin yn Frjentsjer, mar dit resultearret regelmjittich yn wachtrijen fan auto's en somtiden agressieve minsken. FNP Waadhoeke wol oplossings.



"Agresje tsjin personiel is absolút 'not done'. " (Hans Nauta)

"Ekskurzje"
Om't minsken mear thús binne en mear tiid hawwe om putsjes te dwaan, sjogge wy ek dat it ôffal yn Waadhoeke tanimt. Minsken komme sels wolris nei de miljeustrjitte mei mar één tl-balke of in âld skearapparaat. It liket hast wol as sjogge minsken de besite oan de miljeustrjitte as in soarte fan ekskurzje.
 
Argewaasje
Dit resultearet yn wachttiiden dy't oant in oere oprinne kinne. Dit ta argewaasje fan minsken dy't harren gebrek oan geduld op ûnder oare de meiwurkers ôfreagearje. Soms moat de plysje der sels by komme om de partijen ta rêst te bringen. De meiwurkers fan de miljeustrjitte dogge har úterste bêst om derfoar te soargjen dat alles sa soepel as mooglik ferrint as der ôffal brocht wurdt. Wêr nedich wurde ekstra minsken ynset.
 
Gjin geweld
"Ik kom sels geregeld op de miljeustrjitte en haw mei eigen eachen sjoen wat hjir bart,"
seit Hans Nauta FNP Waadhoeke. "Agresje tsjin personiel is absolút 'not done'. Hjir moat wat oan dien wurde! Dêrom haw ik skriftlike fragen stelt oan it kolleezje fan Waadhoeke. Misskyn kin in ôfsprake systeem of soksawat helpe."

Tags: Miljeu

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer