NIJS   26-05-2021


Jan Klaver en Marijke Faber: Thús yn Achlum

Klafa is in sûkelarjefabryk yn Achlum. Der wurkje fiif minsken. Sy ûndernimme yn in “niche-merk”. Meitsje sûkeladeprodukten foar bygelyks in koekjesfabryk oant fullings foar pralines yn België en fan spesjale repen as kadootsje by in brulloft oant 30.000 potten hazzenútpasta foar de postcodeloterij. FNP'ers Bert Vollema en Bram Bonnema wiene thús by eigners Jan Klaver en Marijke Faber.



"Thús yn Achlum" (Jan Klaver en Marijke Faber fan Klafa sûkelarje)

Wat makket Achlum jimme thús?

Wy meitsje ús produkten hast al 25 jier mei grut plesier yn it âlde molkfabryk fan Achlum. Wy hawwe hjir de romte. It fabryk is industrieel erfguod en is mei stipe fan de provinsje prachtich restaurearre. Earder ferhierden wy de direkteurswente mar twa jier ferlyn binne wy hjir sels wenjen gongen. It wennet hjir prachtich en je leare de minsken al gau kennen. Achlum is in ûndernimmend doarp mei meardere lytse bedriuwen en ienpitters.

 

Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?

It bedriuw draait goed. Wy soene wol ta wolle op mear biologyske produkten, dan moatte de goede grûnstoffen wol te krijen wêze. En it moat ek betelber wêze. De wet- en regeljouwing (kontroles) meitsje de biologyske produkten djoer en dan sil it altyd in lytse merk bliuwe. Wat mear fertrouwen soe it ûndernimmen makliker meitsje.

Wy ha no in "rustpunt" by ús bedriuw, mei ferkeap fan ús produkten út de automaat. Mooglik wolle wy noch in B&B realisearje yn ien fan de romten fan it fabryk.

 

Wat wurdt der echt mist?

Waadhoeke is in Fairtrade gemeente. Dat wurdt nei ús idee te min útdroegen. Wy sjogge der yn elts gefal net folle fan. Der wurdt mear omtinken oan biologysk bermbehear, dat is goed, mar it meanbelied  yn de beboude kom kin wol in slagje better. De "finishing touch" ûntbrekt.

 

Ha jim in oprop oan de polityk?

Oer ús persoanlike  kontakt mei de gemeente binne wy wol tefreden. Wy tinke dat der noch mear ferbining lein wurde kin tusken de lytse en selsstannige ûndernimmers yn Waadhoeke. Dizze ûndernimmers hâlde it plattelân libben. Ús bedriuwsfilosofie is "earlik, oprjocht en betrouber", sa bine wy ús klanten oan ús. Dat moat de polityk ek mear útstrale.

 

Mear oer Klafa

Klafa is in sûkelarjefabryk yn Achlum. Der wurkje fiif minsken. Sy ûndernimme yn in "niche-merk". Meitsje sûkeladeprodukten foar bygelyks in koekjesfabryk oant fullings foar pralines yn België en fan spesjale repen as kadootsje by in brulloft oant 30.000 potten hazzenútpasta foar de postcodeloterij. 



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer