NIJS   19-05-2021


Ynstallateur van Dellen: Thús yn Frjentsjer

Op sneon 8 maaie 2021 wie de FNP, dizze kear Jan Dijkstra en Dieke van der Pol, op besite by Gerard van Dellen en Jannie Dijkstra út Frjentsjer. Gerard van Dellen hat in ynstallaasje-
bedriuw en Jannie wurke earder yn de glêstúnbou. Se ha twa jonge bern en wenje moai op ’e romte. Gerard hat it bedriuw fan syn heit oernaam en it bestiet no 40 jier. Der is in protte
wurk yn de technyk, mar hy kiest der bewust foar om lyts te bliuwen. Op dy wize hat hy minder soargen en kin der it moai yn de hân hâlde.




"Thús yn Frjentsjer" (Ynstallateur van Dellen)

Wat makket dat Waadhoeke jimme thús is?
Foar Gerard en Jannie is de Staetlâns-skoale yn Tsjom, wêr't harren twa bern hinne gean, in wichtich ûnderdiel fan it thúsfielen yn de Waadhoeke. It soarget foar bining mei it doarp en belutsenheid by de minsken. Jannie seit mei klam ek dat de leefberens en foarsjenningen yn in doarp hiel wichtich binne, mar yn de lytsere kearnen wol ûnder druk stean. Sa is it lestich om nije minsken yn it bestjoer fan har gymnastykklup te finen. Sy begripe dat it lestich is om yn elk doarp de fasiliteiten te behâlden, mar fine dit spitich. It soe moai wêze as in pear belangrike foarsjenningen yn elk doarp bliuwe kinne sa as in doarpshús en sportklups. Just it doarpse karakter en de bining mei it doarp is de wichtichste reden dat sy harren thúsfiele yn de Waadhoeke.
 
Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?
Sy wiene it der oer iens dat de gemeente mei lanlike tema’s as duorsumens oan de slach moat. Mei it each op enerzjy moat de gemeente lyts begjinne troch yn te setten op betelbere en helbere maatregels sa as better isolearje fan huzen. Gerard seit ek dat de enerzjyopwekking ynpast wurde moat yn it lânskip en te goede komme moat oan de mienskip Wynturbinen by doarpen sa as Tsjom en Hitsum soargje ek wer foar mear leefberens.
Under duorsumens fersteane se ek it boargjen fan de natuer. Sa kin der bygelyks ynsetten wurden op blomrike berms en in grutter bosk by de Alvestêdewyk yn Frjentsjer. As echte ûndernimmer sjocht Gerard ek mooglikheden om mei mear natuer ek mear nije funksjes te kreëarjen. Mear grien en mear romte om der te rekreëarjen.
Jannie fûn ek dat der mear oandacht komme moat foar it sosjaal domein en benammen ek de jongereinsoarch. Ut de lûden om har hinne docht bliken dat foar in protte minsken dit in wichtich ûnderwerp is.

Wat wurdt echt mist?
Wat echt mist wurd is in stikje natuer wêr't je yn kuierje kinne rûnom Frjentsjer. De stêd kin neffens harren folle griener oanklaait wurde. Sa hie it bosk by de Alvestêdewyk wol fjouwer kear grutter mochten en kin it yndustryterrein fan Kie ek griener ynpakt wurde mei mear kuiermooglikheden om de stêd hinne. Ek de binnenstêd kin oantrekliker makke wurde. Sa fynt Gerard dat út de Foarstrjitte mear te heljen falt as je der beammen oanplantsje en bankjes delsette.
Net allinnich foar kuierders en toeristen, mar ek foar de jeugd mat der mear fertier komme. Hjirby kinst tinke oan mear útgeansgelegenheden.

Hawwe jimme in oprop oan de polityk?
Der moat mear kommunisearre wurde mei inoar. Dit soe de gemeente dwaan kinne troch yn petear te gean mei lytsere groepkes. Op die manier krije je mear dien, want kommunikaasje is de kaai. As minsken der by belutsen wurde kreëarre je ek in stikje ienriedigens: net tsjinoer inoar mar mei inoar. Sa soene boeren bygelyks mear meinommen wurde moatte yn it belied meitsje, want sy binne in belangryk ûnderdiel fan it lânskip.
 
foto hazze: Mark de Boer, Frjentsjer 



Tags: Ferkiezings, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer