Wat makket dat Frjentsjer jimme thús is?
“Frjentsjer en Waadhoeke jouwe rêst en romte, it liket in stikje bûtenlân, minsken binne frij nochter en oprjocht.”
Wat soe der de kommende fiif jier barre moatte?
“Wy wolle folle mear arranzjeminten organisearje mei oare ûndernimmers sa as bygelyks kempings en Bêd & Brochjes. Boppedat wolle wy ek Frjentsjer mear promote. Toeristen binnen no gau útsjoen yn waadhoeke en ek yn Frjentsjer. Dat is spitich. Boppedat: Ynwenners fan Waadhoeke moatte wer grutsk wurde op dit stikje Fryslân.”
Wat wurdt echt mist?
“Fergees parkearren, dat soe de middenstân hjir yn Frjentsjer goed helpe kinne. Dan komme der mear minsken nei de stêd. Mar ek leechstân yn de winkelstrjitte oanpakke en elektryske oplaadpunten by eveneminten opsette.”
Hawwe jimme in oprop oan de polityk?
“De belangstelling foar it bedriuwslibben is net altyd goed as oprjocht miend. Sa litte antwurden op fragen op harren wachtsje. Der sit gjin gong yn.”
Mear oer Friewheelers:
Friewheelers is start yn 2020 neidat dizze jonge ûndernimmers fan 20 en 21 jier beiden besluten in fytsferkeap en fytsferhiersaak te begjinnen. Elektryske fytsen wurde ferkocht en “E-Choppers” wurde ferhierd. Dizze “E-choppers” (elektryske scooter) ride 30 km/oere. Je ha genôch oan in autorydbewiis om hjir op ride te meien. Buck van der Weerd leart op it stuit ek noch kommersjele ekonomy. Jildert hat as eftergrûn it CIOS. Doe't sy begûnen mei de saak bruts Koroana út. In meifaller foar de fytsferkeap.
De minsken koene en mochten neat mear en sochten aktiviteiten dy wol mochten. En dat wie benammen fytse en dus ferkochten se goed. Friewheelers is ek in erkend learbedriuw foar stazjêren.