Gea Iedema tsjnnet út namme fan FNP Waadhoeke yn de riedsgearkomste fan 8 april hjirfoar in moasje yn. Foaral de eigen kar fan it breidspear foar in trouamtner is foar FNP Waadhoeke in wichtich argumint om te pleitsje foar dizze regeling yn de gemeente.
Op dit stuit is it net foar elts mooglik om yn Waadhoeke (wol yn guon oare gemeenten) trouamtner foar ien dei te wurden. Dit kin allinnich as it om in trouamtner út in oare Nederlânske gemeente giet en de beneaming en beëdiging net ferrûn binne.
In protte stellen hawwe der ferlet fan om har troudei nei eigen winsk yn te rjochtsjen. It sels kiezen fan in persoan dy it houlik slút is dêr ûnderdiel fan.
De ynfierring fan in trouamtner foar ien dei kin foar de gemeente kostenneutraal trochfierd wurde om 't de ekstra kosten foar de gemeente en de beëdiging fan de trouamtner yn de leges trochberekkene wurde.
Underoan dit berjocht kinne jo de moasje delhelje.
Yn de media: