NIJS   24-12-2010


Anna Martha van der Mei nije foarsitter FNP-Frjentsjerteradiel

Anna Martha van der Mei (38) fan Tsjom is sûnt juny 2010 de nije partijfoarsitter fan FNP-Frjentsjerteradiel. Sy folget Klaas Regts (Frjentsjer) op dy't fan 2005 oant 2010 de ôfdieling laat hat.

"in gesellige en foaral ek aktive klub minsken" (Anna Martha van der Mei)


Anna Martha van der Mei

Van der Mei is op it stuit dwaande mei in kursus Business Strategy omt se har wurk - wethâlder yn de gemeente Menameradiel - nei de ferkiezings kwytrekke is. De ôfdieling Frjentsjerteradiel is tige optein mei Anna Martha, sy is troch har wethâlderskip goed op 'e hichte fan de polityk. Se stipet de riedsleden sa folle mooglik en bringt ek nij belied foar de partij m-ei.

 

Neist it foarsitterskip by de FNP makket se ek diel út fan it bestjoer fan de buertferiening yn Tsjom en fan de Stifting Frysk Fanfare Festival. En dêrmei wurdt dúdlik dat se ek muzikaal is, se blaast op in euphoanium en lêstendeis sels noch yn it Konsertgebou yn Amsterdam. Van der Mei is nei har studzje oan de hegere lânbouskoalle (1997) lid wurden fan de FNP. Se is opgroeid mei de FNP en fûn doe dat it tiid waard om aksje te ûndernimmen. "De FNP giet út fan jo eigen krêft en de identiteit fan de FNP sprekt my tige oan", sa seit Van der Mei. It doel fan har is dat de ôfdieling Frjentsjerteradiel in gesellige en foaral ek aktive klub minsken bliuwt, dy't alle mooglike nijsgjirrige ûnderwerpen by de kop pakt en har riedsfraksje sa goed as mooglik stipet.

Klaas Regts bliuwt foar de partij seker warber en sil as lid ferskate aktiviteiten bywenje. Sa komt er eltse moanne op de ledegearkomst yn Easterbierrum (iepen fraksje gearkomst foar de rie út) en trije kear yn it jier op de sositeit - it (lêste) inisjatyf fan Regts - wêr syn ynbring grut is. Fansels sil er ek net ûntbrekke op 'e jierfergadering fan de ôfdieling. Regts hat al in kear earder foarsitter wêst, yn 'e njogginticher jierren en doe acht jier, mar sjocht dochs leaver in oar yn de funksje fan foarsitter. En dat it no ek noch in frou is, fynt Regts prachtich, "Dan kinne se ús yn elts gefal net mear in âlde mannenpartij neame". Hy hat alle betrouen yn Anna Martha van der Mei as foarsitter en yn de takomst fan de FNP-ôfdieling Frjentsjerteradiel.



Tags: Partijnijs, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer