NIJS   13-02-2011


Twa FNP kandidaten Frjentsjerteradiel foar Steateferkiezings

De FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel levert twa kandidaten foar de FNP list foar de Steateferkiezings; Anna Martha van der Mei en Gea Iedema - Zondervan.

 moaie foto AM 2 Op plak 3 stiet Anna Martha van der Mei (38). Sy is berne yn Ljouwert, komt fan Menaam en wennet yn Tsjom mei man en twa bern. Se hawwe dêr aardich wat bisten want se binne hobbyboer; se fokke bygelyks Poll Dorset skiep.

 

Nei de Hegere Lânbouskoalle hat Anna Martha 8 jier by Hendrix UTD wurke. Se hat har dwaande hâlden mei kowe- en skieppefoer, projektmanagement en de lêste jierren kwaliteitsmanagement by in pear feefoerfabriken yn Nederlân. Se is dêrwei gien om wethâlder yn Menameradiel te wurden, en draaide earder mei yn de skaadfraksje fan de steatefraksje.

 

Njonken de polityk is Anna Martha ek aktyf by de muzyk. Se blaast sels euphoanium en sit yn it bestjoer fan de de stifting dy't de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen organisearret.

Utgean fan eigen krêft is wat Anna Martha driuwt, yn de muzyk en wis ek yn de polityk, by de FNP.

 
 Gea HB 1

In eintsje fierder op de list, op plak 34, stiet Gea Iedema-Zondervan (48). Se is hikke en tein yn Frjentsjer, troud en hat twa bern. Se wurket as bedriuwsliedster by Wever Van Wijnen BV yn Frjentsjer (Stjoerboekhannel & Antikwariaat).

 

Yn 2009 is se ôfstudearre oan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert as Bachelor of Applied Business Administration (ABA ek wol neamt Tapaste Bedriuwskunde). Sûnt 2010 makket se diel út fan de Rie fan Advys by Stenden Hegeskoalle en sit se yn it haadbestjoer fan de FNP. Dêr hat se de taak om "Sosjale Media" op poaten te setten en dêr is it twitterakkount FNPFryslan it earste foarbyld fan.

 

Gea hâldt fan har heitelân, de provinsje Fryslân, en fan de bewenners sels! Derneist tinkt sy dat elts minske sels wit wat goed foar him/har en syn/har omjouwing is. It eigen foech hawwe (federalistysk) en de Fryske identiteit behâlde is foar har tige wichtich Dêr hat Fryslân Friezen foar nedich! En sy is der ien fan!

 

By de ôfdieling Frjentsjerteradiel moetsje Gea en Anna Martha inoar op de ledegearkomsten, yn de skaadfraksje en wurkje se tegearre oan de hiemside. Se hawwe in hiele nije side makke - http://www.fnp-frjentsjerteradiel.nl/ - en binne dêr dan ek tige grutsk op!

 

De folsleine kandidatelist is te sjen op de side fan FNP-Fryslân.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer