NIJS   16-06-2011


Kabinet werom fluitsje op funeste besuniging Tryater

Fragen Tryater krije hege prioriteit yn Europeesk Parlemint

A Toering FNP

 

 

Skriftlike fragen oer Tryater fan de EFA-fraksje yn it Europarlemint krije in ‘prioritêre status'. Dat meldt de FNP op basis fan syn kontakten mei it EFA-buro yn Brussel. De FNP lit syn fertsjintwurdigers fan de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint fragen stelle oer de kultuerbesunigingen fan it kabinet. De besunigingen binne ‘funest' foar Teaterselskip Tryater yn Ljouwert, neffens de Europarlemintariërs. Besuniging op de ienichste profesjonele Frysktalige teaterorganisaasje is yn striid mei it Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen, dêr't de Nederlânske steat foar tekene hat, sa stelle de FNP en de EFA.

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

Wurdfierder Annigje Toering fan de FNP: "De besuniging op Tryater is in klap yn it gesicht fan de Friezen. It kabinet lûkt him neat oan fan de jildende ôfspraken. Dêrom hawwe wy de EFA ynskeakelje". De FNP en de EFA wize de Europeeske Kommisje der op dat de stipe fan Nederlân oan Tryater fuortkomt út de ferplichtings foar de Fryske taal dy't de Steat oangien is.

De Europarlemintariërs fan de EFA nimme de berjochten oer Tryater heech op. Yn it foarste plak binne der op 14 juny skriftlike fragen steld oan de Europeeske Kommisje. Fierder is Tryater no agindearre foar in harksit op 7 july yn Straatsburch. Dat bart yn de Intergroup for Minority Languages, in kommisje fan it Europeesk parlemint dy't oer de lytse talen yn Europa giet. Op dit stuit besiket men de saak ek op de wurklist te krijen by it Committee of Experts fan de Ried fan Europa yn Straatsburch. It EFA-bestjoer en de EFA-fraksje hawwe ûnderwilens al in brief stjoerd oan Steatssiktaris Halbe Zijlstra. De EFA fertsjintwurdiget likernôch 40 regio's yn Europa. Under it brief steane de hantekens fan Europarlemintsleden út Wales, Skotlân, Flaanderen, Catalunya, Corsica en Letlân.

 

De EFA en de FNP stelle dat it skrassen fan Tryater as ienichste profesjonele Frysktalige teaterselskip út de Nederlânske kulturele basis ynfrastruktuer yn striid is mei it Europeesk Hânfêst foar Lytse talen, it Europeesk Ramtferdrach foar de Minderheden en de rinnende Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje. Yn de Bestjoersôfspraak stiet swart op wyt dat de ynstânhâlding fan Tryater in taak fan it Ryk is. Juristen fan de EFA miene dat de besuniging fan Tryater sels tsjin Artikel 2 fan it Ferdrach fan Lissabon (it Ferdrach fan de EU) yn giet. Yn dat artikel giet it oer de rjochten fan de minderheden, dêr't de EU-lidsteaten en dus ek de Nederlânske Steat foar tekene hawwe.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer