Tagelyk rint de desintralisaasje operaasje fan Ryk nei provinsjes en gemeenten. In part fan de bedraggen is wol dúdlik, mar in hiel grut part ek noch net hielendal. Lykas mei de Bleker-diskusje. Dat is in wêzentlik ferskil. Wis is wol dat it om grutte bedraggen giet dy't streekrjocht tige yngripe op it Fryske húshâldboekje. Bedraggen dêr't boppedat de útwurking op langere termyn op de ynhâld fan it belied noch perfoarst net wis is. Ek by de Fryske gemeenten is dat sa. De ekonomyske konjunktuer hat syn effekt op it bedriuwslibben, dat reagearret troch minder te ynvestearjen of de gelegenheid brûkt om de organisaasje yngripend oan te passen. De minsken binne foarsichtich en hâlde de hân op de knip. En as wy nei Europa en de wrâld sjogge, is it perfoarst ek noch net dúdlik wêr't it hinne giet. Lês hjir fierder de folsleine Skôgings fan de FNP
|