NIJS   02-11-2011


Healwei, heale dagen en heal wurk?

Hast al wer twa jier lyn seagen we op de âld gasfabryk (annex supermarkt) yn de Sjaerdemastrjitte in spandoek mei dêrop de opportunistyske gjalp: Wij zijn hier op uitgekeken, u waarschijnlijk ook?

GB Bord PlusYn 't program fan de eigner lêze we: Gemeentebelang (GB) wil met spoed herinrichten van de Sjaardemastraat afdwingen. Dit mag ingevuld worden met woningen, parkeerplaatsen en/of commerciële ruimtes. As speerpunt is opnommen: Verpaupering binnenstad en dorpskernen moet worden tegengegaan. Herinrichten Sjaardemastraat moet zo spoedig mogelijk opgepakt worden. Bron: http://www.gbfranekeradeel.nl/Verkiezingsprogramma.html

 

Yn 'e Extra fan woansdei 26 oktober skriuwt Geale Groen (GG): "De kans dat het terrein en de opstallen van de voormalige gasfabriek aan de Sjaerdemastraat in Franeker in 2012 op de schep gaan is nihil". Nei in opsomming fan wat oare 'saakkundigen' út it ferlyne wol en net dien hawwe siteart GG wethâlder Bekkema (GB) dy't no ferantwurdlik is: "Ik denk dat de raad het idee moet loslaten dat er in 2012 wordt gebouwd".

 

En dat sitaat dat past de wethâlder net! It is tige opmerklik. Alle politike partijen wolle fansels dat der wat bard oan de situaasje yn de Sjaerdemastrjitte en sy komme dan ek hieltiid mei fragen. Oant no ta is yn de Riedsseal troch wethâlder Bekkema hieltiid útsprutsen dat it allegear klear komme soe op 'e Sjaerdemastrjitte. It liket der no dus op dat GB, mei in wethâlder foar heale dagen, net harren ferkiezingsgjalp 'de enige optie' wier meitsje kin. Heal wurk kinne jo wol sizze, want we binne healwei de perioade dat GB yn't kolleezje sit en ferkiezingsteksten lykas 'GB wil met spoed de herinrichting fan de Sjaardemastraat afdwingen' krijt sa dochs wol wat in oare betsjutting. In opsje dy't oerbliuwt is dat GB yn elts gefal de namme fan de strjitte op harren hiemside oanpasse kin fan Sjaardemastraat nei Sjaerdemastraat (it is nammentlik ôflaad fan de heer Sjaerdema - wie ien fan de earste bewenners fan it Sjaerdemaslot dat op it Sjûkelân stien hat). Mear sit der seker op it stuit net foar GB yn!

 

Fraksje FNP Frjentsjerteradiel



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer