Meidielingen
sâltwinning
Wethâlder Twerda hat tige aktueel nijs: hy hat hjoed in gearkomste fan de
Mynbou kommisje hân yn Den Haach. Dêr hat de minister bekend make dat Frisia
definityf ôfsjocht fan sâltwinning by Slappeterp. Yn Barradiel wol men dan wol trochboarje
oant 30 sentimeter djipte. Frisia betellet 2 miljoen euro ekstra foar de maatskiplike
gefolgen. Men giet akkoart mei it provinsjale gebietsplan. De gemeente wol har
hjir by dellizze, men wol gjin Alleingang.
Mienskiplike regeling Sosjale Tsjinst
Noardwest Fryslân.
De VVD stelt yn'e mande mei de FNP
foar dat Frjentsjerteradiel as grutste dielnimmende gemeente in lid fan it Deistich Bestjoer
leverje moat. FNP en VVD stelle hjirta in amindemint op, dêr't alle partijen
mei akkoart geane. Dit sil foarlein wurde sil oan it presidium. Wethâlder
Osinga wurdt mei algemiene stimmen befestige as dielnimmer út namme fan de
gemeente Frjentsjerteradiel.
Bestjoersrapportaazje
II 2011.
Grien Links freget wat de gemeente oan duorsumens docht. Se fine dat der mear oan dien wurde moat. Neffens
it kolleezje bart der in protte, mar it is net altiten daliks sichtber.
De PvdA merkt op dat swalkbisteopfang folle djurder útfalt. It kolleezje andert dat de oarsaak tanommen
kosten fan de bisteambulanse binne.
Ek hawwe in soad lytse bedriuwkes muoite mei de reklamebelesting. It kolleezje
hat kontakt mei harren.
De FNP hat sjoen dat der €20.000 mear útjûn is oan learlingeferfier. In pear
jier lyn is alle war dien de kosten yn'e klauwen te hâlden, en dat liket no mis
te gean. It kolleezje andert dat de
oarsaak is dat de taxicentrale fallyt gien is en dat de ritpriis by de nije
útfierder heger is. De wethâlder meldt
dat der in nije oanbesteging komt.
Programbegrutting
2012.
Wat de opposysjepartijen opfalt is it gebrek oan fisy en diedkrêft by it
kolleezje. Wylst it min giet yn Frjentsjer bygelyks wat tanimmende wurkleazens
en leechstân fan winkels oanbelanget, liket it wol of't it kolleezje allinnich
belangstelling hat om de finânsjen op oarder te hâlden, deabenaud as men is dat
der in begruttingstekoart ûntstiet. De kolleezjepartijen slúte harren dêr oer it
generaal by oan. Foar 2012 wurdt in oerskot rûsd fan € 1.361,- en sa't de FNP opmerkt
sil't der, lykas yn'e foarige jierren, yn'e praktyk wol wer op delkomme dat der
in oerskot ûntstiet fan tonnen. "De meifallers fleane ús om de earen". It
totaalbedrach oan reserves en foarsjennings is op't stuit likernôch 25 miljoen
euro, in bedrach dat oerienkomt mei de jierlikse algemiene útkearing dy't wy
fan it ryk krije fermeardere mei de opbringst fan de ûnreplik guodbelesting. In
mooglikheid soe wêze om de reserve
te maksimearjen op in beskaat bedrach en
wat der dan jierliks bykomt te brûken foar nij belied.
De FNP wol dat it kolleezje aksje ûndernimt nei de provinsje
om de N393 oan de gemeente oer te dragen, omdat dizze dyk in protte oerlêst
jout yn de Bjirmen. We kinne dan maatregels nimme.
It kolleezje wol € 800.000 besteegje oan
it ûnoantreklik meitsjen fan ferkear tusken Ljouwerterwei en Tsjommerwei. Dochs wurde der supermerken
yn dit gebiet tastien. De FNP fynt dat de kosten boppe de 8 ton betelle wurde
moatte troch de supermerken sels.
De FNP hopet dat de tinte op it
Bredeplak ferdwine sil. Neffens it kolleezje is ôfpraat dat der pas oer in pear
jier in evaluaasje komt.
De FNP fynt dat de farrûtes yn en om Frjentsjer sa gau mooglik ferbettere wurde
moatte, om û.o. de mooglikheid te kreëarjen dat der om de
stêd hinne fart wurde kin.
Mar wethâlder Twerda sjocht allegearre bearen op'e wei, hy tinkt dat de bydrage fan it ryk de kommende jierren sterk ôfnimme sil, bygelyks as gefolch fan de werferdieling fan it gemeentefûns dy't nei alle gedachten ûngeunstich útpakt foar lytse gemeenten. De desintralisaasje fan rykstaken nei de gemeenten liedt ta hege kosten dy't no noch net yn te skatten binne, mar dêr't we wol rekken mei hâlde moatte. Hy is tsjin nije ynfestearrings om't se neffens him liede ta finansjele risiko's.