NIJS   08-12-2011


FNP stekt stokje foar keunstmjittich ferleegjen miljoenenoerskot

Yn de gemeenteriedsgearkomste fan 1 desimber 2011 waard op oanstean fan de FNP in net ûnderboude begruttingswiziging, om keunstmjittich it miljoenenoerskot te ferleegjen, fersmiten.

De ferwachting wie dat dizze riedsgearkomste net lang duorje sil om't der gjin al te behyplike punten op de wurklist steane en der nochal wat hammerstikken binne. Lykwols beteart it oars, it is al oer healwei tolven as boargemaster Veenstra de gearkomste ôfhammert. Sa út en troch ûntsteane der fûle diskusjes tusken kolleezje en opposysje, lykas oer in fraach fan de CU oer de wize fan kommunisearen fan de gemeente nei oanlieding fan de ûnteigening fan privee-grûn foar de oanlis fan de rûnwei. De CU beskuldigt it kolleezje fan juridyske truks en easket ekskuses fan de gemeente tsjin de eigner fan de grûn. It kolleezje is it dêr folslein mei ûniens. Weth. Bekkema fynt it nuver dat de CU pas 6 moannen nei dato mei dit punt oansetten komt. It sil behannele wurde yn  seniorekonvent.

 

Fêststelling Feroardering en útfieringsbeslút ôfeartstoffen

In drege diskusje ûntstiet oer dit útstel. De VVD giet net akkoart, se is kritysk oer Omrin en tinkt dat dy by de ferwurking fan de skieden streamen grien en griis ôfeart wer gearfoeget om alles ferbaarne te litten. Se tinkt dat Omrin der fral op út is de eigen ferbaarningsoven, dy't te folle kapasiteit hat, rikje te litten. De VVD wol dat de ynsammeling fan ôffal net automatysk oan Omrin gund wurdt, mar wol de mooglikheid ûndersocht ha oft der der in iepenbiere oanbesteging komme kin. Se wol dat dit punt opnommen wurdt yn'e feroardering. Weth. Osinga seit ta de mooglikheid fan oanbesteging ûndersykje te sillen, foar simmer 2012 wol hja de resultaten rapportearje. De FNP is it hjir mei iens. Uteinlik stimt de VVD as iennichste partij  tsjin de feroardering, dy't mei 15-2 oannommen wurdt.

 

Fêststelling Miljeujierprogram 2012

Der is in protte krityk op dit program. De FNP fynt de ambysjes fan de gemeente net heech. Dy beheine har ta wat wetlik ferplichte is en sels dat wurdt net altiten helle. De FNP fynt dat de gemeente wat dwaan moat tsjin de ljochtfermoarging fan it bûtengebiet. It is sa slim dat yn de stâl de kij tsjintwurdich hast in sinnebril op hawwe moatte en de minsken derbûten! De soarchplicht soe de mooglikheid jaan om tsjustere gebieten te beskermjen tsjin oerdiedige ljochtboarnen. De FNP stelt út it gemeentehûs fan sinnestroom of oare duorsume enerzjy te foarsjen. Of ha we gjin jild om te besunigjen op enerzjy? GB stelt út om plestik apart yn te sammeljen sa't no al bart yn in soad gemeenten, de gemeente sil dit meinimme yn in sortear-analyse. Uteinlik wurdt it miljeuprogram 2012 goedkard (14-3), GL en FNP stimme tsjin. 

 

Kennisnimme fan Hanthavingsútfieringsprogram 2012 (HUP)

De FNP is it dermei iens om te besunigjen troch it minder besykjen fan kategory 1 en 2 bedriuwen. Der moat wol goed tasjoen wurde op sloopwurksumheden en op monuminten. De FNP wol dat men wat minder efter it buro sit en wat mear de dyk útgiet. Net alles hoecht kontrolearre mar we komme sa stadichoan wol oan de grins wat talitber is. GL is it dêrmei iens. Ek GB fynt dat der tafersjoch bliuwe moat op monuminten en ek op asbest. De CU freget hoefolle de hanthaving kostet dy't men no ôfskaffe wol. Wethâlder Twerda andert dat it hanthavingsprogram 2012 basearre is op it program 2011-2014. Dat is oannaam en it program 2012 wykt der net fan of. De gemeente giet net oer de grins. Wat asbest oanbelanget sjocht de provinsje mei, wat ek jildt foar alkohol gebrûk, byg. yn sportkantines. 

 

Kennisnimme fan Doarpsfisy  Easterbierrum

Alle partijen stekke doarpsbelang Easterbierrum in fear yn'e kont foar it opstellen fan de doarpsfisy. It doarp hat gjin grutte pretinsjes, mar bliuwt beskieden. De FNP is it der net mei eins dat de rintiid fan de fisy ferlingd wurdt nei 10 jier, omdat dêrmei ek it ambysjenivo mei de helte sakket. In enkête nei 't ferlet fan wenten is goed. Der moat net boud wurde foar leechstân. Bliid dat de gemeente each hat foar it doarpshûs, in geweldige foarsjenning. Besocht kin wurde te besunigjen op enerzjyferbrûk, byg. op iepenbier ljocht en by (lânbou) bedriuwen yn gearwurking mei plannen fan de gemeente. It doarp wol op'e hichte hâlden wurde fan de komst fan fergistingsynstallaasjes e CO2 opslach. De gemeente hâldt de boat of en dat is spitich, de FNP fynt dat de gemeente dêr positiver op yngean moat. Dat jildt ek foar iepenbier ferfier. Sjen nei kânsen, yn'e mande mei boargerpartisipaasje! Ek wol it doarp op'e hichte hâlden wurde fan de komst fan fergistingsynstallaasjes, neffens de weth. bart dit al.

GL fynt dat de rol fan de gemeente dúdliker wurde moat. De gemeente sit yn in spagaat, se is sawol meitinker as beslisser. Alle partijen fine dat de gemeente wat oan "cofinanciering" dwaan moat, dit is in bottleneck. Weth. Twerda antwurdet dat de gemeente it doarp help oanbiedt. Mar cofinanciering moatte je net loslitte as je dat dogge kinne je as gemeente folle minder dwaan mei itselde jild. Cofinansiering soarget foar in "vliegwiel-effekt". De FNP is it hjirmei iens, dit is nedich om it doarp te aktivearjen.  It CDA stelt út de Maatskiplike Plus út it gebietsplan foar cofinanciering te brûken, Twerda tinkt der oer nei. Hy seit dat der genôch jild beskikber is foar plannen, de gemeente sit net op it jild. De gemeente wol graach optrede as partner. De VVD is optein: lang om let hawwe we in wethâlder dy't fan't jild ôf wol!

Weth. Bekkema dielt mei dat de provinsje bepaald hat dat LZV (lang swier ferfier, nei it patatfebryk) troch it doarp allinnich tastien is as der in frijlizzend fytspaad is. Hy wol graach busline 75 yntakt hâlde foar de leefberens fan it plattelân, mar dat wurdt hieltyd dreger sjoen it lytse tal reizigers. Hy fynt dat we wol realistysk bliuwe moatte sjoen de kosten.

 

Formalisearring tariven

De FNP (en ek GL) is tsjin de bûtenspoarige ferheging fan de leges fan in ID kaart foar jongerein fan €9 nei €30. Wat binne de kosten en kinne wy ôfwike fan de lanlike prizen? Twerda seit ta, dat er de kosten fan in ID kaart útsykje sil. Der sil noch dit jier oer publisearre wurde sadat men noch yn 2011 in kaart keapje kin as men dy yn de takomst nedich hat.

 

Fêststelling Regionaal bedriuwsterreinenplan Noardwest-Fryslân

De FNP hat twifels. Hoe kinne wy ús ûnderskiede fan oare gemeenten? Aansens sille wy de slach oan gean moatte mei oare regio's. Krije wy net de NMA oer de flier as we ôfspraken mei oare gemeenten meitsje? Neffens de weth. meie regio's mei-inoar konkurrearje, mar moatte gemeenten binnen regio's gearwurkje. Hy siket it punt NMA út. De VVD fynt it in "rampzalig" plan. Wy leverje ús binnen ús regio út oan Ljouwert! Weth. Twerda andert dat gearwurking oplein wurdt fanút ryk. Earst moat revitalisearing besteande terreinen plakfine, foar't nije oanpakt wurde. Dêr is budget foar, mar minder as earder. De provinsje wol 4 sterke regio's dy't saken ôfstimme. Wy moatte net tinke dat we Ljouwert ôfremje kinne, as haadstêd hat dy foarrang. It plan wurdt oannaam mei 12 foar en 5 stimmen tsjin: FNP, VVD en CU.

 

Fêststelling Begruttingswizigings 2011.
De gemeente stelt mar leafst 9 begruttingswizigings foar. Neffens de FNP fleane de tonnen ús wer om de earen mei as doel ús miljoenenoerskot keunstmjittich te ferleegjen. Dit is net de goede wurkwize, der heart in goed ûnderboud útstel by mei in totaalplaatsje dêr't de rie oer kedize kin. De VVD fynt it in gegûchel mei sifers, der is in heldere analyse nedich. It is unsin om no de reserves te ferheegjen. Neffens weth. Twerda is grûnwerkapitalisaasje ferplichte en kin Goeman Borgesius net goed boekhâlde. Hy spilet gjin spultsjes sa't suggerearre wurdt. . Uteinlik wurde alle begruttingswizigings oannommen útsein nr. 57E (oer it reservearjen fan in heal miljoen foar in takomstich ferlies op grûn) dy't mei 7 foar en 10 tsjin fermiten wurdt. De kolleezjepartijen slute harren dus foar in part oan by de opposysje, in aardich súkseske!

 

Rûnfraach  

De FNP fynt de sitewaasje oan de Sjaardemastrjitte gefaarlik foar fytsers. Dêr is de dyk omlein om bousteigers hinne. Weth. Bekkema sil der nei sjen.  



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer