NIJS   02-01-2012


Jubileum 2012 - FNP 50 jier warber foar Fryslân

Jubileumjier start mei grut sympoasium - Prof. James Kennedy sprekker 14 jannewaris

De FNP organisearret op sneon 14 jannewaris yn de Bûtenpleats yn Earnewâld it sympoasium "Identiteit: Krêft en Kâns". Mei dit sympoasium wurdt sjoen nei de identiteit fan de partij mar foaral nei de kânsen fan de FNP yn de takomst. De partij fynt dat se noch lang net klear is en dat de striid foar de belangen fan Fryslân mei syn unike taal en rike kultuer troch gean moat.

 

Sprekker op it sympoasium is û.o. Prof. Dr. James Kennedy. Kennedy is hikke en tein yn Amearika en wurket sûnt 2003 yn Nederlân. Earst as heechlearaar Hjoeddeistige Skiednis oan de "Vrije Universiteit van Amsterdam" en sûnt 2007 as heechlearaar Nederlânske Skiednis oan de "Universiteit van Amsterdam. Kennedy hâldt him benammen dwaande mei fraachstikken op it mêd fan tsjerke, steat en boargerlike maatskippij. Derneist is der ek in lid fan it Europeesk Parlemint foar dit sympoasium útnoege.


It sympoasium makket diel út fan it jubileum jier fan de partij. De FNP bestiet yn 2012 fyftich  jier.  Yn dizze fyftich jier is in soad feroare. De partij is útgroeid fan in lyts ploechje idealisten nei in folwoeksen partij mei op alle politike posten yn Fryslân syn minsken en ynfloed.  De FNP wol dit jubileum dan ek net samar foarby gean litte. It jier 2012 sil hielendal yn it teken stean fan it 50 jierrich bestean mei ûnder oare de EFA konferinsje yn maart yn it WTC yn Ljouwert.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer