NIJS   13-01-2012


Ferslach riedsgearkomst 5 jannewaris

Mei ûnder oaren de antwurden op de fragen fan de FNP oer it net tastien wêzen fan priisôfspraken tusken gemeenten oer de grûn op bedriuwsterreinen.

Algemien
Boargemaster Veenstra winsket op dizze earste gearkomste fan 2012 alle oanwêzigen in lokkich nijjier. Sa oan't begjin fan 't jier is de sfear treflik, sadat sels koartswilige opmerkingen makke wurde, benammen by it punt  hûnestrondbelied. Dreechste punt foarmje de besunigings by de Sosjale Tsjinst.

NMA
De FNP hat in fraach oer it regionaal bedriuwsterreinenplan Noadwest-Fryslân. Sietze de Haan (FNP) merkt op dat it wol dúdlik is wer't de FNP al bang foar wie n.l. dat it meitsjen fan priisôfspraken mei oare gemeenten oer de grûn net mei. Dêrmei wurdt ien fan de pylders ûnder it plan fuorthelle (de gemeente wol priiskwaliteit-ferhâlding op inoar ôfstimme om ûnderlinge konkurrinsje foar te kommen). Wat is no noch de wearde fan it rapport?  Wethâlder Twerda andert dat ûndersocht wurdt, hoe't it presys sit. As de NMA it yndie ferbiedt, meitsje we gjin ôfspraken hjiroer mei oare gemeenten.

Tariven
Sietze de Haan (FNP) freget oft de tariven foar bou-oanfragen fan Hûs en Hiem (welstandskommisje) yn 2012 no wol of net ferhege wurde. It kolleezje wie dêr nochal dizich oer. Weth. Twerda andert dat dit komt trochdat de taryfsferheging fan Hûs & Hiem fan 5% pas yn desimber bekend waard en dat dy dêrom net earder meinommen wurde koe, dat is no rjochtsetten. Alle partijen útsein de CU binne foar de oanpassing.  

Besuniging Sosjale Tsjinst Noard-West Fryslân
De foarnommen besuniging op de begrutting fan de Tsjinst Sosjale Saken & Wurkgelegenheid 2012 liedt ta in protte diskusje. De taakstelling wie in besuniging fan 10% en dy liket helle te wezen.
Der is by dit agindapunt in ynsprekster fan bûten de rie, nammentlik frou Storteboom út namme fan de Kliënterie. Hja docht mei klam in berop op de rie om net te besunigjen op de minima: "Net ien kiest derfoar om yn earmoede te libjen". De minima driigje it slachtoffer te wurden fan de earmoedefal, byg. allinnichsteande âlderein. Weth. Osinga andert dat der in protte regelingen foar minima besteane, dy't net optimaal brûkt wurde, der bliuwt alle jierren jild oer. Stelma (CU) freget him ôf hoe't men besunigje kin op regelingen dy't net brûkt wurde. De regeling moat folle simpeler wurde moat, sadat de doelgroep (dus de minima) dizze better begrypt en der dan better gebrûk fan makket.
De PvdA is it net iens mei de besunigings op de "bijdrageregeling meedoen aan de samenleving" en op de regeling AV Frieso nei maks. ynkommensgrins 110% (hegere grins mei net neffens ryksbelied). Dit is gjin soasjaal belied, stille earmoede driget dêrtroch. De FNP is it hjirmei iens, lykas hast alle oare partijen. De PvdA tsjinnet dêrom mei û.o. ek de FNP in amindemint yn tsjin dizze besunigings. Weth. Osinga giet akkoart mei it amindemint foar 2012, mar it moat gjin frijbrief wêze foar 2013. It ferfolch sil besprutsen wurde by de behanneling fan de foarjiersnota 2012.  It amindemint wurdt oannommen mei alle partijen foar, útsein CU. De stimming oer de oanpaste begrutting is dan net mear nedich. Der giet fuortendaalks in brief fan kolleezje nei de Sosjale Tsjinst om harren op de hichte te bringen fan de oanpassing wat Frjentsjerteradiel oanbelanget.

Plysjejierplan 2012
Dit plan liedt ta diskusje oer de lege oplossingspersintaazjes en de lege ambysjes fan de plysje.  De FNP stelt dat op dizze manear it betrouwen fan de boargers yn de oerheid ferdwynt. De ambysje om it oplossingspersintaazje te ferheegje fan 10 oant 20% is fierstente leech. Dy moat heger! De CU fynt it in etalearen fan ûnmacht. Neffens boargemaster Veenstra hat de gemeente gjin ynfloed op de oplossingspersintaazjes wat kriminaliteit oanbelanget. Dizze binne  ôflaat fan lannelike sifers.  It plan wurdt mei algemiene stimmen foar kundskip oannommen.         
 
Evaluaasje hûnestrontbelied
Alle partijen wolle hjir harren miening oer útsprekke. Boargers ûnderfine noch altiten oerlêst, it liket in ûnoplosber probleem. GB wol dat der stranger hanthavene wurdt. Der moatte ek mear bakken delset wurde, hy sil in list trochjaan oan de wethâlder. Neffens de CU leit hjir in taak foar de animal cops. Of foar in BOA (bûtengewoane opspoaringsamtner), mar dêr is weth. Osinga net foar. Hja stelt út as rie in kuier oer de rûte lans de bakken te meitsjen. Van Dyk (PvdA) wol net allinnich de stront yn'e bak, mar ek de baas, want dy is ferantwurdlik. Der moat mear omtinken yn "tekst & uitleg" jûn wurde. De FNP fynt dat it goed is om te sjen dat der in protte oerlis west hat mei doarpsbelangen en wykferienings. Hynstestront jout folle minder oerlêst, dat is gjin issue. Guon partijen komme oansetten mei persoanlike ûnderfinings, sa poept de hûn fan VVD fraksjefoarsitter De Roon allinnich op syn kommando as dat yn't Ingelsk jûn wurdt. De CU wol DNA ûndersyk fan hûnestront keppelje mei it sammeljen fan hieren fan fertochte hûnen. De evaluaasje wurdt mei algemiene stimmen goedkard.

Begruttingswizigingsn
De 9e begruttingwiziging 2012 ropt fragen op by de FNP. Werom moat de boekwearde fan de Alde Bolder fan €130.000 op nul brocht wurde as dy sloopt wurdt? De grûn hâldt dochs wearde? It kolleezje skriuwt sels dat de wearde neffens makeler Zadelhoff folle heger is. Fierder fynt de FNP dat by in goede oanbesteging der gjin sloopkosten hoege te wêzen. Weth. Twerda andert dat by sloop de boekwearde automatysk ôfwurdearre wurdt ta nul, ek al hat de grûn wol wearde. De sloopkosten ha te krijen mei de ôfbraak fan de lânbouskoalle. Alle begruttingswizigings wurde oannommen, allinnich de FNP is tsjin de 9e.    

Rûnfraach
-Stelma (CU) freget him ôf oft de wurksumheden oan de rûnwei wer begûn binne. Weth. Bekkema andert dat dat kloppet. Der is oerienstimming berikt mei de Van der Schaar oer de priis fan de ûnteigene grûn.
-De Roon (VVD) hat heard dat der grute wurdt dat de gemeente skuld hawwe soe oan de wetteroerlêst fan Blomketerp. Weth. Osinga andert dat de gemeente gjin inkelde skuld hat. Krekt oarsom: Homminga hat skille dat de oarsaak op syn terrein leit, hy sprekt just wurdearring ut foar de help fan de gemeente.
-Dykstra (FNP) freget oft der in ferbân is tusken de oerstreamingen fan it lân njonken de Hegesylsterwei tusken Doangjum en Tsummearum en it sakjen fan de boaiem as gefolch fan de sâltwinning troch Frisia. Boargemaster Veenstra seit ta dat dit útsocht wurdt troch it wetterskip.
 -Rodenburg (GB) stelt yn ferbân mei de ûnfeilige sitewaasje fan it sebrapaad op de hoeke fan Ald Keatsfjild mei Suderkade foar om ienrjochtingsferkear yn de Bangastrjitte yn te fieren. Weth. Bekkema andert dat der oer it ferbetterje fan de ferkearsfeiligens op dit punt neitocht wurdt.
-Lap fan D66 fynt it nuver dat der noch altiten krystferskes op it karillon fan't stêdhûs spile wurde. Der wurdt andere dat dit nei âlderwenst stoppet mei Trijekeningen, dat is 6 jannewaris.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer