MFC plannen yn Seisbierrum
De
opkomst by de riedsgearkomste wie grut, de tribune siet hielendal fol. Der wie
ek in ynsprekker, de hear Goudberg fan de stjoergroep Seisbierrum. Hy frege
foaral om tiid en net no al beslúten te nimmen. De stjoergroep woe tiid om ûndersykje
te kinnen oft de lokaasje Aeolus, wer't de foarkar fan 60% fan alle ynwenners
nei útgiet, wol geschikt is. "Earst moat der ûndersocht wurde hokker partijen
no meidwaan wolle en oft de eksploitaasje dan rûn komt.", sa sei Goudberg. It
signaal wie dúdlik; de stjoergroep wie noch net klear en woe foar wêze dat de
Rie him posityf útsprekke soe oer de reaksjenota fan de gemeente. Dy reaksje
wie yn harren eagen te snel!
Alle fraksjes hienen it wurd frege by dit punt en setten útein mei harren
winsken en betinksten. FNP wurdfierder
Jan Dijkstra wie die middei noch yn Seisbierrum west om te sjen en hie praten mei
wat minsken. Hy pleitte foar in opknapbeurt foar Seisbierrum. "Yn de ferkiezingstiid
hat de FNP der ommers wakker oandacht oan bestege en is dan ek bliid dat de
saak oanpakt wurdt en dat der plannen makke wurde. Der binne wurkgroepen oan de
slach, mei professionele plannemakkers. We hawwe de wiidweidige rapporten sjen
kinnen. Ynfentarisaasjes fan wat men wol (winsket) en wat men nedich fynt." DeFNP
fynt dat der ek sjoen wurde moat nei de helberens fan alle plannen. "Der moat
(wer) in sintrum komme dat past by it grutste doarp fan
Frjentsjerteradiel. Alle noazen liken deselde kant út te stean, doe't him in
tafallige situaasje foardie, yn de foarm fan ferkeap fan it Aeoluskompleks", sa
pleitte Dijkstra. De gemeente hie lykwols har kar al makke en úten yn in
reaksje, en dat joech de opskuor. Dijkstra hopet dat beide partijen itselde
doel foar eagen hawwe. "En dan binne we no noch krekt efkes te gau mei it
ynnimmen fan in stânpunt. Earst de noazen deselde kant op en dan mei elkoar de
pit werom bringe yn Seisbierrum. En harkje nei wat de bewenners wolle!"
Wethâlder Twerda koe nei dit pleit en dy fan de oare fraksjes, dy't ek
oanstipten dat de oerheid har miskien wol wat te betiid útsprutsen hie, net
oars as tasizze dat hy beide lokaasje ûndersykje sil, ek om't it jild derfoar
net ta in probleem liedt.
Werynrjochting Tsjom
It
beskiber stellen fan in ekstra krediet fan €120.000,- rôp ek noch wol wat
diskusje op. De FNP is fansels bliid mei de oanpak yn Tsjom. Utfiering jaan oan
de plannen út de doarpsfyzjes is prima. De FNP gong akkoard mei it foarstelde
op dit punt want koe har wol fine yn de oanpak fan Tsjom, fia wurk mei wurk.
Tsjom krijt sa in moaie ympuls. De FNP woe wol witte hoe it stelt wie mei
kofinansiering? "Betsjut dat ek kânsen foar oare doarpen, dy't moaie plannen
hawwe, mar sels foar kofinansiering soargje moatte?" Sa frege Dykstra oan de
ferantwurdlike wethâlder Bekkema. Dy pleite foaral om no alles oan te pakken en
it jild dat der frij foar makke is yn te setten. Hy die fierder te tasizzing
dat de oare doarpen dêrmei net oars behannele wurde sille as Tsjom.
Spannende moasje
Stelma
hie by it fêststellen fan de wurklist in moasje ynstjinne. Oan de rie waard it
idee foarlein om de hânhavening op in yllegale skûlstâl te ferstellen oant it
nije bestimmingsplan foar it hiele bûtengebiet klear is. Op dy wize kin foldien
wurde oan de formele begjinsels fan in behoarlik bestjoer (artikel ien fan de
grûnwet). Stelma fynt dat der net ienriidich hannele wurdt by it hânhavenjen
fan de skûlstallen. Der is neffens de CU sprake fan willekeur. Wethâlder Twerda
fûn de moasje suver nuver. Hânhavenje op klachten fan boargers is de taak dy't
de gemeente hat en der is gjin needsaak om de hiele list fan oertreders oan te
pakken.
Yn de fraksje fan de FNP ûnstie twastriid, dêrom waard der in skorsing
oanfrege. Dêrnei gong yn de twadde termyn it in hiele oare kant op, om't Twerda
yn ienen tasei de hiele list wol te hânhavenje te wollen en dat de rie der blykber
wol jild foar beskikber stelle woe. Doe koe de FNP fraksje ienriidich tsjin
stimme. De moasje waard net oannommen. Mar de moasje hat wol oplevere dat no hânhavene
wurde sil op alle yllegale skûlstallen en net allinnich de skûlstâl fan
Veltman fan Hitsum.