NIJS   09-04-2012


Ledegearkomst 29 maart

Lit ús, de kommende tiid, op ‘e nei mei elkoar yn petear gean, mekoars miening respektearje en oerwage besluten nimme.
Lit elk op syn manier belutsen wêze by ús ôfdieling, mar litte wy mei-elkoar ‘de skouders der ûnder sette’.


Op 29 maart 2012 hawwe wy ús jierlikse algemiene ledegearkomste hân yn doarpshûs ‘it Mienskar’ te Easterbierrum. In gaadlik plakje. Kofje mei oranjekoeke; heart by dizze jiergearkomste. 

 

Nei it iepenjen fan de gearkomste troch foarsitter A. M. van der Mei hannelen wy de wurklist ôf;

ynkommen stikken, it jierferslach fan de skriuwer en fansels it finansjele part. Op foarstel fan de kaskommisje ferliene de leden ponghâlder J. Hiemstra desjarzje.

Ôfgeand en net ferkiesber wie J. Fehres. Jeannette hat fjouwer jier diel út makke fan it bestjoer. De foarsitter betanke har mei in bosk blommen en in attinsje. Gerben van der Mei waard troch de gearkomste yn it bestjoer keazen en riedslid Sietze de Haan naam de riedstikken mei ús troch.

Fan de redaksje fan de Frijbûtser wie it fersyk kommen, om in stikje oer ús ôfdieling te skriuwen. Wy hawwe ús leden û.o. frege sterke en swakke punten fan Frjentsjer(teradiel) en ús ôfdieling te beneamen. Boppedat frege de redaksje om anekdoates. Fansels kamen der leuke ferhalen foar it ljocht. Nijsgjirrich nei it stikje? Yn de kommende Frijbûtser kinne jo it hiele ferhaal lêze.

Yn it omfreegjen kamen noch ferskate saken oan de oarder. Dat alles ûnder it genot fan in slokje mei in oerhearlike bitterbal.

We hawwe in noflike jûn han.

 

Lit ús, de kommende tiid, op ‘e nei mei elkoar yn petear gean,  mekoars miening respektearje en oerwage besluten nimme.

Lit elk op syn manier belutsen wêze by ús ôfdieling, mar litte wy mei-elkoar ‘de skouders der ûnder sette'.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer