NIJS   11-04-2012


Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 5 april 2012

De riedsgearkomste wurdt in lange sit fan 8 oant 12 oere nachts mei mar in koart skoft.

By de ynkommen stikken liket in nij punt ta polityk fjoerwurk te lieden: de VVD (koalysje) en de Christen Unie (opposysje) freegje in ynterpellaasjedebat oan oer de beskuldiging fan it bedriuw Agrifirm dat wethâlder Bekkema de rie en Agrifirm foarliigd hawwe soe oer de komst fan de troch dit bedriuw winske discounter (Aldi) op it terrein lâns de Prins Hindrikkade wer't se in winkelsintrom bouwe wolle. Neffens Agrifirm hat Bekkema  earst tasein dat hy him ynsette soe foar de komst fan Aldi nei dizze lokaasje, wylst er dat letter ûntstried. Der soe dus sprake wêze fan twifel oan de yntegriteit fan de wethâlder, wat in politike deasûnde is. Ynterpellaasje is it swierste middel dat de rie ta syn beskikking hat. De FNP stipet it fersyk, mar de mearderheid fan de rie is tsjin en it fersyk wurdt fersmiten, ynstee wurdt it by de rûnfraach behannele. Uteinlik blykt it in stoarm yn in glês wetter: Bekkema ferklearret dat hy altiten al sein hat tsjin Agrifim dat it bestimmingsplan de komst fan in discounter bûten it sintrum ferbiedt en de grutte mearderheid fan de rie leaut dit (ek de FNP). Bekkema seit wol ta jitris mei Agrifirm oerlizze te wollen oer de ûntsteane sitewaasje.

 

Tiidfrettende agindapunten binne de gemeentelike weryndieling fan Noard-West Fryslân (NWF) en it fêststellen fan de finansjele ôfrekken 2011. Wat it earste punt oanbelanget giet it der om winsken en beswieren oer de reaksje fan de gemeente op de fisy fan de provinsje te uterjen. Omdat de boargemaster hjir streekrjocht by belutsen is, nimt frou Terpstra fan  Gemeentebelangen as grutste koalysjepartij salang it foarsitterskip oer. Jan Dykstra sprekt út dat de FNP it net iens is mei it stânpunt dat it in útdragen saak is om te stribjen nei ien gemeente NWF mei Harns, It Bildt, Menameradiel, Littenseradiel, in part fan de Súd-West Fryslân en faaks ek noch Ljouwerteradiel. De FNP is der op tsjin dat wy hals oer kop soargje moatte dat der op 1 jannewaris 2015 in nij wangedrocht fan in gemeente ûntstiet. De FNP is foar in ferkennend ûndersyk, mar Frjentsjerteradiel moat ynfloed hâlde op dat ûndersyk. De ferkiezings yn 2014 werby't de weryndieling in ûnderwerp wêze moat, moatte gewoan trochgean. It foardiel foar de bewenners moat earst bliken dwaan. De FNP hat by weryndieling ek muoite mei Harns, wer't de nije boargemaster no al it gemeentehûs klaimt. De FNP stelt út it kolleezje op te dragen mei in nij útstel te kommen, wer't de rie wat wat fan fine kin. De FNP wol de deadline fan 1-1-2015 út it útstel. It docht gjin fertuten: de rie stimt yn mei it útstel fan it kolleezje ynklusyf de datum (mei 13 tsjin 4 stimmen, FNP, CU en Grien Lofts binne tsjin).

 

Dan de de jierstikken oer 2011. Alle partijen binne fol lof oer it boargerferslach, mar oer de finansjele einôfrekken ûntstiet in fûleindige diskusje. It kolleezje presentearret in oerskot op de begrutting fan € 400.000. Sietze de Haan is it dêr net mei iens: it kolleezje hâldt neffens de FNP it oerskot kosmetysk leech troch mear as € 2 miljoen fan it echte oerskot yn behear-plannen te stopjen. De FNP fielt har dan ek yn'e sek naaid! Hieltyd moast der besunige wurde en it is net út te lizzen oan de befolking dat der no jild oerbliuwt. Ek hat de gemeente no al sa'n € 32 miljoen oan reserves en oare foarsjennings. De PvdA fynt dat de FNP mar in moasje fan wantrouwen yntsjinje moat, mar dêrta lit de FNP har net ferliede, hja hâldt fertrouwen yn wethâlder Twerda. Twerda fynt it nedich mear jild yn behearplannen te stopjen omdat de finansjele sitewaasje der no folle slimmer útsjocht as earder tocht. Der driget in tekoart fan € 8 miljoen op behear. De rie hat it fereaske kwaliteitsnivo sels fêststeld en dat liedt ta dizze útkomst. It stopjen fan in grut part fan't oerskot yn behearplannen is bard op útstel fan de akkountant. It CDA wol ek noch it oerskot fan € 400.000 yn de behearplannen stopje, mar in amindemint dêrta wurdt mei 10-7  fersmiten. De jierrekken 2011 wurdt úteinlik mei algemiene stimmen oannommen, ek fan de FNP.

 FNPrintje 1 50

 

Dan de fêststelling fan de behearplannen Wegen, Brêgen, Kaaimuorren, Gebouwen, Sportfjilden en Grien sels. De FNP fynt it nuver dat der binnen 2 jier no al wer in protte jild by moat. Ek wol fe FNP in Ljochtplan, foar dat der jild útlutsen wurdt foar ûnderhâld en ferfanging. Besunigings binne mooglik troch byldbepalende gebouwen oan stiftingen oer te dragen en ûnnedige ljochten yn'e stêd moatte fuort. Neffens wethâlder Osinga hat der in ynfojûn west wer't alle plannen lang en breed besprutsen binne. Lapwurk helpt net mear, rekonstruksje is absolút nedich, byg. kaaimuorren en Saakstra's brêge. Grien Lofts wol ferfanging fan lampen troch LED-ferljochting, mar dat is neffens de wethâlder fierstente djoer. Jan Dykstra tsjinnet in mûnling amindemint yn tsjin it fêststellen fan't behearplan foar ferljochting en tsjin it tafoegjen fan takomstige oerskotten oan tekoarten op fersjennings. Dit wurdt ôfwiisd mei 15-2, allinnich de FNP is foar. Úteinlik wurdt it útstel fan de weth. mei 14-3 oannommen.

 

Amper diskusje ûntstiet der oer de startnotysje fan it kolleezje oer de "Wet Werken naar Vermogen". Eltsenien is fol lof oer Empatec en men giet akkoart mei de kar fan it kolleezje om Empatec troch te ûntwikkeljen yn't ramt fan dizze wet.

 

It kolleezje stelt út om it wetterskip in proef dwaan te litten yn Witzens fanwegen de wetterproblematyk dêr (kosten gemeente maksimaal € 22.000). De bewenners klaaie oer te folle wetterplanten yn it wetter fan dizze wyk, wertroch de rekreative funksje beheind wurdt. De proef hâldt ferskraling fan de fegetaasje yn troch ôfskraabjen fan de boaiem. De FNP is foar dit útstel om boargerpartisipaasje te stypjen, boppedat betelje de bewenners sels de helte. Mar de kâns op sukses is lyts en úteinlik beslút de rie mei 9-8 om net akkoart te gean mei it útlûken fan jild foar de proef.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer