NIJS   21-05-2012


FNP hat noed oer grutte pleats yn kultuerhisoarysk, lânskiplik en argeologysk weardefol gebiet

Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 10 maaie 2012

Oant no ta wie myn ûnderfining dat riedsgearkomsten altiten tige útrûnen, de aprilgearkomste duorre sels oant tolve oere ta. Mar sa net diskear: al om kertier foar tsienen kin boargemaster Fred Veenstra de gearkomste ôfhammerje! It wichtichste punt fan de jûn giet dan ek net oer drege ynhâldlike saken, mar fynt pas nei ôfrin fan de gearkomste plak. Dan begjint nammentlik it ôfskie fan Gryt Postma, dy't fanwegen sûnensproblemen útskaait mei har riedslidmaatskip nei 10 jier trouwe tsjinst.  Hja wurdt fan alle kanten priizge foar de treflike wize wêrop't hja it riedslidmaatskip útoefene hat, benammen troch boargemaster Veenstra en troch De Bok, fraksjefoarsitter fan de PvdA. Gryt hat ûnder oare fraksjefoarsitter fan de PvdA en fan de riedskommisje  west en yn 2008 hat hja njoggen moannen foarsitter fan de gemeenterie west wilens de sykte fan doetiidsk boargemaster Haveman. Fanwegen har grutte fertsjinsten is besletten har de earepenning fan de gemeente Frjentsjerteradiel ta te kennen en dat is dan tagelyk de earste kear dat dit bart. Gjin wûnder dan ek dat de publike tribune fol sit mei belangstellenden dy't spesjaal foar it ôfskie fan Gryt kaam binne. Hja wurdt yn de rie opfolge troch F. van der Hauw dy't har al in hiel skoft tydlik ferfongen hat.

 

Wat de gearkomste sels oanbelanget steane der gjin djipdollende  ûnderwurpen op de wurklist dy't ta politike striid liede koene. It wurdt dan ek in relatyf nuete gearkomste sûnder folle fjoerwurk. Efkes like it dêr al op út te draaien as Kamstra (GB) risselwaasjes makket in draai te meitsjen: de foarige gearkomste hie GB tsjin it útstel stimd om it wetterskip in proef yn Witzens dwaan te litten om de wetterplantefegetaasje te ferskralen nei klachten fan bewenners. No liket GB dêr ûnderút komme te wollen, mar as weth. Osinga út leit dat it winliken al te let dêrfoar is, wurdt it inisjatyf hommels weromnaam.  

 

Miljeu en hanthavening

De measte diskusje ûntstiet oer de jierferslaggen miljeu en hanthavening 2011. Jan Dykstra (FNP)  merkt op dat de gemeente docht wat wetlik needsaaklik is. Hy freget him ôf oft der in ferklearring is foar it feit dat der mear miljeufergunnings oanfrege binne, wylst men ferwachtsje soe dat it der minder wêze soene, sjoen de tebekrinnende ekonomy. Ek freget hy him ôf werom't der mar fjouwer wenten fan lûdsgevelisolaasje fersjoen binne. De soarchplicht oangeande ljochtfersmoarging soe ynset wurde kinne foar mear projekten as allinnich de kassen fan Waadglês. De FNP sil har by bestimmingsplannen sterk meitsje tsjin ljochtfermoarging. De luchtkwaliteit skynt goed te wezen, mar neffens de FNP jildt dat perfoarst net op it plattelân wer't it sawat de hiele maitiid stjonkt nei jarre as gefolch fan it Nije Buorkjen. Ta slot is it de FNP opfallen dat der al wer hiel rom begrutte is mei mar leafst €80.000 oerskot. De FNP freget har ôf oft de weth. ek in grutte kostenstiging foarsjocht no't de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing stal krijt, de reden werom't guon gemeenten dochs net meidogge. Weth. Osinga andert, dat it yndie kloppet dat der folle mear miljeu-fergunningen oanfrege binne yn 2011. Har konklúzje is dat it noch net sa min giet mei de ekonomy yn de gemeente. It punt gevelisolaasje kloppet, mar der wiene net mear huzen dy't meidiene oan it projekt. De luchtkwaliteit is mjitten yn 2008, dat bart mar ienris yn de safolle jier, foar 2012 is der gjin budget. Wat it oerskot op de begrutting oanbelanget: Osinga andert dat it in rûzing is en men kin net alles foarsjen.

 

By it punt hanthavening ûntstiet der diskusje oer de (ferinnewearre) kassen fan Kuiken by Tsjummearum, dy't in risiko foar boartsjende bern betsjutte. De PvdA wol dat de gemeente ta hanthavening oergiet.  De eigner is ferantwurdlik foar de feiligens, de kassen moatte sloopt. Weth. Twerda sprekt út dat de gemeente yn dizze kwestje de hurde line folgje sil.

 

Simmerhúskes Blomketerp

Op rekreaasjepark Blomketerp wol de eigner 14 nije simmerhúskes bouwe op it terrein dat no yn gebrûk is as kamping. It fernuvert Jan Dykstra (FNP) hoe maklik de ynwenners en de riedsleden dit plan tasteane. De FNP (mei Grien Lofts) is der poer op tsjin, bebouwing past lykwols yn't bestimmingsplan. Blomketerp moat gjin nije wenwyk wurde!  Mar de oare partijen binne allegearre foar omdat se fine dat de rie ûndernimmers op alle mooglike wizen stypje moat, men skynt te tinken: "it is der dochs al in soadsje, wat makket it fierder dan noch út". Mei allinnich FNP en GL tsjin wurdt de fergunningsoanfraach yn behanneling nommen.

 

Megastâl by Boer

De oanfraach fan in fergunning foar de bou fan in megalisboksestâl yn Boer liedt ta in protte diskusje. Yn dizze stâl is plak foar mear as 600 kij. Jan Dykstra leit út dat de FNP wol begrypt dat de trend nei hieltyd grutter net te kearen is, wat wy der ek fan fine. It gebiet by Boer is kultuerhistoarysk, lânskiplik en argeologysk weardefol en alles moat dan ek dien wurde om skea oan dizze wearden foar te kommen. Hy freget oandacht foar it ôfbrekken fan besteande hokkeboel by dit soarte fan oanfragen, hoewol dat yn dit gefal net nedich wêze sil. Ouderkerken fan Grien Lofts giet noch fierder, hy hellet ek bistewolwêzen derby en hat noed dat goedkarring fan ien megastâl presedint wurking hawwe sil. Probleem is dat de nijbou fan de megastâl yn striid is mei it bestimmingsplan, om't dizze plakfine sil op in terrein dêr't gjin agraryske bedriuwen boud wurde meie. Neffens weth. Twerda past it útstel yn't ramt "Nije Pleats", in provinsjaal projekt om grutte pleatsen yn te passen yn't Fryske lânskip. De hiele rie giet hjiryn mei omdat it giet om in bedriuwsútwreiding en gjin nijbou as sadanich.


Jehannes Elzinga



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer