NIJS   09-07-2012


FNP tsjin Maitiidsnota

Krekt foar it simmerreses fynt noch in maratongearkomste plak ferspraat oer twa jûnen. Op 4 july wurdt de Maitiidsnota besprutsen en op 5 july de rest fan de wurklist. Hjir folget in koart ferslach.

Maitiidsnota

Yn de Maitiidsnota wurde de finansjele linen útset foar de begrutting fan 2013. Alle partijen meitsje de opmerking dat de tiden ûnwis binne, de wurklikheid wurdt oars as no bekend is bygelyks omdat in protte ôfhinget fan de útkomst fan de Twadde Keamerferkiezings op 12 septimber. Wethâlder Twerda fynt dat we net oars dwaan kinne as útgean fan de besteande sitewaasje, hoe ûnwis dy ek is. Sa is de Wet Werken naar Vermogen kontroversjeel ferklearre en wurdt dizze oer de ferkiezings hinne tild, wat grutte konsekwinsjes hat foar de gemeenten, dus ek Frjentsjerteradiel.

In protte partijen meitsje harren soargen oer de risiko's fan de Grutte Projekten: Kie, Plan Súd en Waadglês. Neffens wethâlder Twerda binne der op't stuit genôch fersjennings troffen. Úteinlik wol de VVD op de riedsgearkomste op 5 july in moasje yntsjinje  foar in wiidweidige analyze fan de grutte projekten. Twerda stelt út om ynstee dêrfan yn septimber nei de kommisjegearkomste in fertroulike gearkomste te belizzen om de posysjes te bepalen. Dêr binne alle partijen it mei iens.
Us riedslid Jan Dykstra merkbyt dat it finansjeel goed giet en we meie bliid wêze dat de nije rûnwei ree kaam is. It is de lêste tiid wol tige stil wat de Sjaerdemastrjitte oanbelanget. GB hie dit ta topprioriteit fan dit kolleezje makke, mar der is noch neat berikt. Wethâlder Bekkema stelt dat de gemeente hjir net folle oan dwaan kin, de panden binne oergien nei nije eigners en dy bepale wat der bart. It wachtsjen is op mjittings fan de grûnfersmoarging, sadree't dy bekend binne fynt nij oerlis plak mei de eigners. Jan merkt op dat De Rotte Kiezzen takom jier hurd oanpakt wurde moatte!

De FNP is der op tsjin dat oerskotten automatysk tafoege wurde oan behearplannen. Tagelyk sjogge we fan Frysk Belied noch net folle werom. De koalysjepartijen PvdA, VVD en GB tsjinje in amendemint yn om yn 2013 in fytspaad oan te lizzen tusken Rie en Peins. Dit moat €350.00 kostje. Twerda seit ta dat it kolleezje dit amendemint yn 2013 útfiere wol, yn septimber wurdt in útstel foarlein oan de rie.

Pas nei't skoft, as de gearkomste al hast ôfrûn is, tsjoent Stelma (CU) ynienen noch 5 amendeminten op in hast ûnlêsber kladbryfke út de hege hoed. Sa wol er de stipe foar de Koornbeurs skrasse en moat de Brânwacht sykje nei nije besunigings. Guon riedsleden lykas De Bok fan de PvdA reitsje opsternaat oer Stelma syn optreden, mar de boargemaster saksedearret de boel: de CU hat it rjocht it sa te dwaan. Alle amendeminten fan Stelma wurde ôfwiisd mei allinnich de CU foar. De Foarjiersnota as gehiel wurdt oannommen mei alle partijen foar ôfsjoen fan de CU en de FNP.

 

Kleyenburg

Op de gearkomste op 5 july wurde alle oare punten fan de wurklist behannele. Der binne twa ynsprekkers fan bûten de rie: frou Hiemstra fan de MR fan Kleyenburg en de hear Kingma  oer it behâld fan de gymnastykseal yn Rie.

Wichtichste punt is it Yntegraal Underwiishúsfestingsplan 2013-2017. It útstel fan it kolleezje is om in nij multyfunksjoneel sintrum te bouwen en dêr trije basisskoallen yn ûnder te bringen, nammentlik De Korendrager (kristlik), de Fûgelflecht (iepenbier) en de Kleyenburg (iepenbier). Dat soe betsjutte dat de Kleyenburg binnen 3 jier ticht giet. De meisizzenskipsried (MR) fan de Kleyenburg is dêr poer op tsjin om't it graach bliuwe wol op de besteande lokaasje fanwegen it markante gebou, de spesjale sfear en de lokaasje yn't sintrum fan Frjentsjer. Ek in protte âlden binne tsjin ferhuzing. Radius hat wol belang by de ferhuzing fral fanwegen de legere kosten op langere termyn (legere ûnderhâldskosten yn duorsumer gebou). Neffens de MR is it âlde gebou bêst op te knappen en sil dat guodkeaper útfalle as nijbou, de Fûgelflecht en Korendrager soenen nei renovaasje ferhúzje kinne nei de Kleyenburg. Wethâlder Osinga merkbyt dat by renovaasje fan de Kleyenburg it skoalbestjoer mar 50% fergoede krijt omdat der allinnich subsydzje jûn wurdt foar it part dat foar't ûnderwiis brûkt wurdt en dat is no mar 50%. Alle partijen binne it iens mei it kolleezje, dus foar klustering yn in nij gebou, ek de FNP. De nije lokaasje fan de multyfunksjonele skoalle is noch ûnwis, dat sil neier útsocht en wurdt letter foarlein oan de rie. As it oan de FNP leit wurdt der goed sjoen nei de opsje om op it plak fan de Fûgelflecht yn it Skalsumerplan te bouwen. Alle partijen wolle dat de Kleyenburg yn'e takomst in goede bestimming krijt omdat it sa'n markant gebou is.

 

Sport

Op it mêd fan sport wurdt it stik oer nije beliedskaders fêststeld. Der moat €80.000 besunige wurde foar 2014. Jan Dykstra (FNP) freget him ôf werom't dit nedich is, omdat de gemeente genôch jild oerhâlden hat. Hy fynt dat it wurkjen mei frijwilligers beleand wurde moat. Goeman Borgesius (VVD) fynt ek dat dizze besuniging in negatyf effekt hat. It giet mar om relatyf  lytse bedragen, wer ha we it hjir oer? Wat der troch klubs mei de gemeentlike stipe foar begelieding fan jeugdleden dien wurdt, is ûndúdlik. Wethâlder Twerda andert dat der yngreven mei de sportklubs praat is. Dy binne tsjin op hierferheging mar oer besuniging op jeugdlede-stipe is te praten. Konklúzje is dat de jeugdledestipe ôfskaft wurdt. De gemeente wol de stipe foar de gymseal yn Rie hanthavenje. Der moatte wol mear aktiviteiten komme, de besettingsgraad kin heger. De sportnota wurdt mei algemiene stimmen oannommen.  

 

Gemeentlike weryndieling Noardwest Frylân

It kolleezje stelt út om te ûndersykjen hokker mooglikheden der binne om de bestjoerlike organisaasje fan Noardwest Fryslân sa te feroarjen dat foldien wurdt oan it beslút om op 1 jannewaris 2015 te kommen ta in krêftige gemeente yn Noardwest Fryslân. Omdat boargemaster Veenstra as portefeuillehâlder ferantwurdlik is, wurdt it foarsitterskip foar dit punt oerdroegen oan frou Terpsta (GB). Jan Dykstra (FNP) freget oft de datum yndie sa eksplisyt steld wurdt. Foar de FNP is de datum net hillich, folle wichtiger is dat der in gemeente komt dy't syn taken oankin. De FNP wol yn alle gefal dat der in mjitting komt fan it draachflak fan in gemeentlike fúzje. Te folle tiidsdruk liedt ta minne beslútfoarming. Alternativen oer de grinzen fan de nije gemeente moatte ek ûndersocht wurde. Ouderkerken (GL) is fan betinken dat it proses hoeden plakfine moat, hy soe't net slim fine de datum fan 1-1-2015 in pear moanne opskoot. Veenstra andert dat dat net kin, as 1-1-2015 net helle wurdt, wurdt it minimaal in jier letter.  Stelma (CU) wol neat forseare. Veenstra merkt op dat Littenseradiel net mear meidwaan wol, mar de provinsje wol dat al. Hoe giet dit fierder? Yn septimber sille peilingen plakfine nei it draachflak by doarpsbelang yn de ûnderskate doarpen. Uteinlik blike alle partijen it iens om in ûndersyk út te fieren.  

 

Ta slot fynt it ôfskie plak fan boade Hartman Huistra dy't nei 36 jier mei pensjoen giet. Hy wie in markant fertsjintwurdiger fan de gemeente. De boargemaster sprekt him ta. Hartman Huistra sil net echt ferdwine, hy wol tenei de riedsgearkomsten op de publike tribune folgje.   



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer