NIJS   14-10-2012


Oardering Fryske Taal foar Frjentsjerteradiel

Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 4 oktober 2012

Oardering gebrûk Fryske Taal

It wie in nijsgjirrige gearkomste spesjaal foar de FNP omdat it fêststellen fan de Oardering Fryske taal yn't skriftlik  ferkear by de gemeente op de wurklist stiet, njonken de Kultuer-noata, mar de behanneling fan dy lêste  wurdt ferskood nei letter datum troch tiidgebrek. De taaloardering is in ynfolling fan de oantrún fan de provinsje dy't earstferantwurdlik is foar is foar de Fryske taal.  Al 13 gemeenten yn Fryslân hawwe dêrta in oardering opsteld, ús gemeente rint hjir dus net mei foarop. Fan de mooglike fúzjepartners fan Frjentsterteradiel hat byg. Menameradiel al in taaloardering fêststeld, de oare gemeenten noch net. De konsept-oardering dy't no besprutsen wurdt yn de ried is basearre op it foarbyld fan de gemeente It Hearrenfean. De tekst hâldt yn:

- As op formele gearkomsten Frysk sprutsen wurdt, wurdt dit yn it Frysk notulearre

- Frysk-sprekkenden wurde sa mooglik yn it Frysk beäntwurde (persoanlik en telefoanysk)

- As de gemeente Frysktalige korrespondinsje ûntfangt moat dy yn it Frysk beäntwurde wurde
- De gemeente jout breidspearen de mooglikheid de houlikstaspraak  yn it Frysk hâlde te

   litten; it trouboekje is twatalich Frysk en Nederlânsk.

By de behanneling stelt Jan Dykstra dat we wat it Frysk oanbelanget op de goeie wei binne, ek al is dit pas it begjin. Hy freget him wol ôf wêrom't it kolleezje as foarbyld de tekst fan It Hearrenfean brûkt hat en net fan Menameradiel. Wêr't de FNP oer stroffelt is artikel 6 weryn't steld wurdt dat as in skriftlik stik yn de Fryske taal steld is, it bestjoersorgaan hjirfan, as dêrom frege wurdt, in oersetting yn it Nederlânsk jaan moat. De FNP is it hjir wol mei iens mar fynt dat it omkearde ek jilde moat: as derom frege wurdt moat in stik, dat yn de Nederlânske taal steld is, yn it Frysk oerset wurde. Hij tsjinnet hjirta in amendemint yn.

De boargemaster andert as portefeuillehâlder, dat foar it model fan It Fean keazen is omdat de AFÛK dêrnei trochferwiist. It kolleezje is wol foar lykberjochtiging mar wol in finansjele fergoeding by de oersetting fan Nederlânsk yn't Frysk yn gefal fan net-belanghawwenden. Partijen as Gemeentebelangen wolle net dat de gemeente betelje moat as in stik yn't Frysk oerset wurdt. PvdA en GL binne it mei de FNP iens. De fraach riist wa't belanghawwenden binne. De gearkomste wurdt dan skorst en it kolleezje komt werom mei it stânpunt dat de taljochting fan artikel 6 skrast wurdt, útsteld wurdt dat tenei sawol betelle wurdt foar in oersetting fan Frysk yn Nederlânsk as fan Nederlânsk yn Frysk. Dan is ek foldien oan lykberjochtiging Frysk en Nederlânsk. Dit sil fêstlein wurde yn it leezjesbelied. By de stimming wurde sawol it amendemint fan de FNP as it útstel fan it kolleezje unanym goed-kard, wat as it bêst helbere foar de FNP beskôge wurde kin, sjoen de ferhâldingen yn de ried.     

 

FUMO

Diskusje ûntstiet oer it útstel fan Deputearre Johannes Kramer om in folgjende stap te setten nei de foarming fan de FUMO, de Fryske Útfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing foar 1 novimber 2012. Stelma (CU) fynt it gjin goeie namme omdat Fumo yn it Spaansk "Ik smook" betsjut... De PvdA freget har ôf wat FUMO ús opsmyt, want it kostet wol jild. Yn alle gefal moatte der toetsingskriteria opsteld wurde foar de kwaliteit, de kosten en de personiele besetting fan de tsjinst. De Bok tsjinnet dêrta in amendemint yn. Sietze de Haan stelt dat de FNP it iens is mei de PvdA. We moatte beskate betingsten stelle foar't we akkoard geane op it mêd fan húsfesting en wurkgelegenheid. Werom hat it kolleezje gjin oanbod oan de provinsje dien fan Frjentsjerteradiel as festingsplak fan de FUMO? Hy tsjinnet hjirta in moasje yn.

Weth. Osinga andert dat de foarming fan in FUMO ús oplein wurdt troch it ryk. De ynfiering is in gefolch fan it rapport Mans. Yn earste ynstânsje kostet ús jild, mar úteinlik besparje we jild.  De provinsje wol de tsjinst festigje yn in leechsteand pân. De tsjinst sil sa'n 100 arbeidsplakken omfiemje. Hja riedt de moasje fan de FNP ôf, it kolleezje kin hjir net oan foldwaan. Sawol it amendemint fan de PvdA as de moasje fan de FNP wurde oannommen, in aardich súkseske foar de FNP! No mar ôfwachtsje hoe't de provinsje reagearret.

 

Rûnfraach

-Jan Dykstra stelt in fraach oer sportfjilden yn Tsjom yn ferbân mei in krante-artikel.

De behearders/besjoerders yn Tsjom hawwe in mieningsferskil mei de wethâlder oer de betelling en de ynset fan personiel foar it ûnderhâld fan de sportfjilden. Wethâlder Twerda leit út hoe as hy it skeel sjocht. De FNP sil syn ljocht ek opstekke yn Tsjom. 

-Sietze de Haan freget wat wy dogge om jild út it Waadfûns te heljen. Weth. Twerda andert dat de gemeente drok dwaande is plannen op te stellen. It moat in gearhingjend ferhaal wurde.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer