NIJS   07-11-2012


In riedsgearkomste mei fjoerwurk

Koart ferslach fan de riedsgearkomste fan 1 novimber.

Spanningen yn de koalysje

It waard in gearkomste mei fjoerwurk as gefolch fan spanningen dy't de lêste tiid binnen it kolleezje ûntstien binne, benammen tusken de VVD en de oare kolleezje-partijen (Gemeente Belang en PvdA). Oant de fakânsje wie it kolleezje in toanbyld fan ienriedigens, mar dy tiid liket foarby. De kâns is sels net lyts dat it kolleezje ynkoarten útinoar klapt! Yn alle gefal binne der no folle mear mooglikheden foar de opposysje om eat te berikken, wylst oant no ta alle inisjativen fan opposysjepartijen stjitten op in muorre fan wjerstân fan de kolleezjepartijen. Der binne ferskillende oarsaken foar de spanningen. Sa hat de PvdA (fral fraksjefoarsitter De Bok) in protte argewaasje fan de hâlding fan de VVD (fral Goeman Borgesius) yn de kwestje fan de kultuernota. Dy nota waard fersmiten trochdat de VVD meistimde mei de opposysje. Mei nei oanlieding dêrfan hat De Bok him yn in fraachpetear mei Radio Eenhoorn tige kritysk útlitten oer de VVD en dat skeat Goeman Borgesius yn it ferkearde kielsgat. Ek tusken GB en de VVD besteane spanningen. Alle opposysjepartijen mar ek de VVD ferwite GB dat hja har ferkiezingsbelofte om de rotte kies fan de Sjaardemastrjitte op te romjen net wiermakke hat. Fraksjefoarsitter Kamstra fan GB fynt dat GB alles besocht hat mar der ek neat oan dwaan kin. Neffens weth. Bekkema (GB) is it de skuld fan de rie sels omdat dy net foldwaan woe oan de eask fan eigner Wopke Klaver om de bou fan in supermerk mooglik te meitsjen. De fraach bliuwt lykwols oft GB it fan te foaren net witte koe. Mei in soad tamtam stie GB har der by de ferkiezings op foar dat se it Sjaardemaprobleem wol efkes oplosse soenen en dêr is neat fan op'e hispel kommen. Gjin wûnder dus dat GB de krityk fan alle opposysjepartijen ynklusyf VVD oer har hinne krijt. Hoe dan ek, de sfear tusken VVD en oare koalysjepartijen is frijwat bedoarn. De takomst sil leare hoe't dit ôfrint...

  

Waadglês

Grutte soargen binne der oer it projekt Waadglês, de glêstúnboukassen yn Seis- en Easterbierrum. Noch altiten is in grut part fan de grûn net yn gebrûk, dit hinget de gemeente as in mûnestien om de nekke. Weth. Twerda seit dat der kontakten binne mei in grutte túnker om alle grûn op te foljen (80 ha). Mar oft dit trochgiet is noch lang net wis, der binne ek konkurrearjende gemeenten dy't dizze túnker nei harren ta helje wolle. In meifaller is it enerzjykonsept, werby't restwaarmte levere wurdt oan túnker Hartman. Ek ierdwaarmte is in opsje om de kosten fan enerzjy omleech te bringen.

  

De Trije en Alvestêdewyk

In finansjeel probleem is sporthal De Trije. It tekoart dêrfan is oprûn fan 2 oant 6 ton. Dat komt benammen troch hegere ûnderhâld kosten en de ôfname fan kommersjele aktiviteiten. De Haan freget him ôf hoe't dit tekoart werombrocht wurde kin. Weth. Twerda andert dat men ferkenningen yn de merk dwaan wol om nije ynkomsten oan te boarjen. Mar de gemeente wol eigner bliuwe. In oar probleem is de Alvestêdewyk. Foar de grûn moat 7,5 miljoen euro ôfdutsen wurde. De Haan freget him ôf oft dit net troch in bankgarânsje kin. Mar weth. Bekkema sjocht dit net as oplossing.

  

Fúzje Noardwest-Fryslân  

Hoewol't dit punt net op de wurklist stie kaam it sydlings dochs te praat by de behanneling fan de tuskenbalâns 2010-2014. Boargemaster Veenstra hopet noch altiten (tsjin better witten yn) dat de fúzje op 1-1-2015 yngean kin. Mar Harns wit noch altiten net wat se wol.  Jan Dykstra sprekt út dat de FNP it tryst fynt dat de boarger net meiprate koe oer de weryndieling. Neffens B&W soe der in grut maatskiplik draachflak wêze mar dat byld kloppet alhiel net mei de feiten! De sabeare enkête gie allinnich oer it ynfollen fan de fúzje mar oft de befolking it der mei iens wie waard net frege.

  

Kultuernota

De kultuernota is in oar punt. B&W wol dizze lizze litte, omdat de riedsperioade net sa lang mear duorret. Jan Dykstra beseft it risiko dat de kultuernota in stille dea stjert en tsjinnet tegearre mei D66 in moasje yn om ôf te twingen dat der wol in kultuernota komme moat en dan fan in better nivo as it foarige konsept dat stroffele is. De stimmen oer dizze moasje stake mei 9-9: de opposysje stimt foar, útsein de CU en fan de koalysje-partijen stimt de VVD foar, de oare koalysjepartijen tsjin. De moasje wurdt oanhâlden.

  

Programmabegrutting 2013

De Haan bringt nei foaren dat we ek dit jier wer in oerskot op de begrutting fan mear as 1 miljoen euro ynboeke kinne. Mar lykas de foarige jierren wol B&W dit oerskot yn de behearplannen stopje ynstee fan nije ynvestearringen te dwaan. De FNP sjocht dit as in gebrek oan ambysje fan B&W.

De Haan warskôget dat de Wet Hof yn de takomst it brûken fan reserves troch gemeenten tsjinhâlde kin. It is better it jild no te brûken oars binne we it aansens miskien kwyt! Mocht de wet Hof gjin problemen jaan dan kin it jild altiten letter noch yn reservearrings foar behearplannen stoppe wurde. De FNP tsjinnet mei D66 en GL in amendemint yn om it tafoegjen fan de ferwachte oerskotten yn 2013 en 2014 oan de fersjennings ferfalle te litten. Dit amendemint wurdt fersmiten mei 14-4, allinnich de yntsjinners binne foar. Mar net allinnich de FNP wol wat nuttichs dwaan mei it jild dat tafoege wurdt oan de behearplannen. GB sjocht hjir in kâns om de boarger te skewielen troch út te stellen it taryf foar de ôfeartstoffenheffing net te ferheegjen sa't B&W wol. Dit kin betelle wurde troch it nedige bedrach fan €35.000 yn mindering te bringen op it bedrach dat tafoege wurdt oan de reserves. It liket wol as at de ferkiezingsstriid al begûn is... GB tsjinnet in amendemint yn dat 14-4 oannommen wurdt. FNP,D66 en GL stimme tsjin omdat se tsjin de begrutting stimme. Uteinlik wurdt de begrutting foar 2013 mei 14-4 oannommen, FNP, GL en D66 stimme tsjin.

  

Ferskaat.

- De gemeente stelt út tenei bekendmakkingen allinnich elektroanysk te dwaan as dat wettelik mei. Kamstra (GB) fynt dat publikaasjes fan de gemeente ek op skrift dien wurde moatte. Ouderkerken (GL) tinkt dat in protte âlderen gjin ynternet brûke en de berjochten op skrift lêze kinne moatte. Neffens Stelma (CU) is it mooglik jin te abonnearjen op spesifike berjochten. B&W siket de mooglikheden út. De nije feroardering elektroanyske publikaasje wurdt mei 17-1 oannommen.

- Parkearferoardering. B&W stelt út om parkearfergunningen tenei foar 2 jier ôf te jaan ynstee fan foar 1 jier om sadwaande kosten te besparjen. De VVD wol dizze termyn op 1 jier stelle. Neffens weth. Bekkema is it no te let omdat de brieven oer de nije regeling nei alle bewenners de doar al út binne. De VVD sjocht dit ek yn en giet skytskoarjend akkoard mei de peroade fan 2 jier. De feroardering wurdt mei 17-1 oannommen. 

- Skoallen Simon Vestdijk en Bolder. Der wie €50.000 foar beide skoallen reservearre, mar der is no €155.750 nedich omdat asbest ferwidere wurde moat, dus €105.750 boppe de begrutting. De Haan freget hoe't dit mooglik is, hat men sitten te sliepen?  Twerda seit dat it him ek oerfalt.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer