NIJS   11-12-2012


FNP wol in strukturele oplossing foar swimbad Bloemketerp

Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 6 desimber 2012.

Spanningen yn de koalysje

Wienen der by de novimber gearkomste noch grutte spanningen yn de koalysje en begûn it der op te lykjen dat dy as in sjippebel útinoar klappe koe, by de desimber gearkomste wienen alle spanningen ynienen wer glêdstrutsen. Faaks liket it sa en broeie der ûnderhûds noch spanningen as in feanbrân, foar't each is de frede tusken GB, PvdA en VVD wer tekene. De koalysje demonstrearre dat suver opsichtich, de trije fraksjefoarsitters Kamstra, De Bok en Goeman Borgesius aaiden inoar oer de bol as wienen hja de grutste freonen. We sille sjen hoe't it fierder beteart.

  

Swimbad

In ynlaske punt wie it swimbad. Nei't it der ferline jier op like dat de gemeente op in elegante wize fan it swimbad, dat as in mûnestien oan de gemeentlike begrutting hong, ferlost wie troch ferkeap oan in private partij, de Stifting Eksploitaasje Swimbad Blomketerp, die no bliken dat de gemeente der noch net ôf is. En dat kin ek noch jierren duorje want struktureel is der neat oplost. Direkteur Bakker fan de stifting lette de needklok: it swimbad driget fallyt te gean as de gemeente net in nij kredyt fan € 115.000 beskikber stelt. Hoewol't alle partijen dêr muoite mei hienen, stimden hja dochs yn grutte mearderheid foar it nije kredyt (ek de FNP), omdat men tige hechtet oan it swimbad as fersjenning foar de befolking en men fertrouwen hâldt yn de stifting. Mar it fersyk om in strukturele bydrage waard ôfwiisd, ek komt der in ferbetterplan. Probleem is dat it net útsluten is dat de stifting oer in jier wer op de stoepe stiet foar in kredyt salang't der struktureel neat feroare is: benammen de enerzjyfersjenning is slim ferâldere en kostet hannen fol jild. De FNP tsjinne dêrom in amendemint yn foar strukturele stipe kombinearre mei hypotekêre garânsjes mar dizze waard fersmiten. Neffens weth. Twerda ha hypetekêre hawwe garânsjes net folle wearde as it swimbad fallyt giet. Hy fynt it nuver dat de befolking net massaal oanwêzich is, mar sjoen de lette bekendmakking fan de behanneling yn dizze gearkomste is dat wat flau.

  

Kultuernota

De foarige gearkomste staakten de stimmen oer de moasje fan FNP en D66 foar in oanpaste kultuernota, dêrom komt dizze no wer op it aljemint. Lykwols, de hear Lap fan D66 is siik en koe net komme, dêrom stake ek no de stimmen (9-9). De regels binne sa, dat as soks twaris bart, in moasje fersmiten is. Dat der komt gjin nije kultuernota.

  

Wolstânsnota

De VVD fynt de nota striemin en tsjinnet in moasje fan oarder yn om dizze ôf te wizen. Goeman Borgesius fynt de nota fierstente detaillearre, dizze soe net mear by dizze tiid passe. Twerda is it der net mei iens, detaillearre foarskriften bliuwe nedich om konflikten tusken belanghawwers tefoaren te kommen. De mearderheid fan de rie, wêrûnder de FNP, is it dêr mei iens en de behanneling giet troch. Jan Dykstra wol ljochtreklame oan bannen lizze, dêr komt Twerda op werom. Kassen binne wolstânsfrij neffens him, dy wurde regele yn bestimmingsplan. De nota wurdt oannommen met 14-4.

  

Miljeujierprogram
Inkelde partijen, û.o. GL en de FNP freegje harren ôf hokker plannen de gemeente hat foar de €40.000 dy't beskikber is. Ouderkerken fan GL wurdt moedeleas fan it gebrek oan spirit yn de miljeuwurkgroep dy't al jierren oan it tarieden is, sûnder dat der wat útkomt. Neffens weth. Osinga kin de gemeente net mear dwaan omdat de rie yn 2004 besletten hat allinnich it minimaal needsaaklike te dwaan. De gemeente wol wol mear dwaan, mar dan moat der dekking by levere wurde. Neffens har wurdt de € 40.000 bestege oan in projekt om duorsum yn te keapjen.


Hjirnei is it healwei tolven en stelt boarg. Veenstra út de gearkomste te ferdaagjen nei takom wike tongersdei. Sa wurdt besletten. Jo trouwe rapporteur is dan lykwols net by steat de gearkomste by te wenjen.  

  

Jehannes Elzinga

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer