NIJS   16-03-2013


Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 7 maart 2013

Nij Bethanië, de plannen binne sa oars as doe yn april 2009. Sjoch it item fan GPTV.
Fierder gie it yn 'e rie oer hûnestrontbakken, fytsoerstek en fisy binnenstêd.


Nijbou Nij Bethanië, Tsjummearum

Doe't ik by it gemeentehûs oankaam stie dêr in groep fan sa'n tweintich meast jonge froulju wapene mei spandoeken, allegearre meiwurksters fan fersoargingshûs Nij Bethanië yn Tsjummearum. Ik frege harren nei it doel fan de demonstraasje en hja leine my út dat hja bang binne dat de nijbou fan Nij Bethanië net trochgiet as gefolch fan besunigings no't soarchkoepel Noorderbreedte, wenningbouferiening Wonen Noordwest Friesland en de gemeente Frjentsjerteradiel besletten hawwe de nijbouplannen op in leech pitsje te setten. Eftergrûn binne de oankundige ryksbesunigings yn de soarch mei as gefolch dat de âlderein yn de takomst langer thús wenjen bliuwe moat en dat foar de measten in ferbliuw yn in fersoargingshûs net mear weilein is. It is sels mooglik dat op termyn alle fersoargingshuzen de doarren slute moatte. Oft de nijbou dêrom troch gean kin is mar de fraach. Utsoarte binne de meiwurksters bang foar haren baan, mar de libbensfetberens fan it doarp as gehiel sil der slim ûnder lije as Nij Bethanië ferdwynt of ynkrimpt. De meiwurksters wennen dêrnei ek de  gemeenteriedsgearkomste by en harren punt waard opnommen op de wurklist. Terpstra (GB) bringt harren soarch nei foaren, hja freget har ôf hoe't de gemeente ynfloed útoefenje kin. Wethâlder Twerda hat ek soargen oer it ryksbelied. Mar de kabinetsplannen binne noch gjin wet, de Twadde Keamer kin se noch feroarje. De partijen yn Frjentsjerteradiel wurkje gear, se hawwe harren útsprutsen foar de nijbouplannen. Der wurdt in analyse makke hoe't it no komt.

  

Oanskaf hûnestrontbakken

De measte diskusje joech wer it ivige punt fan  de oerlêst troch hûnestront.  It kolleezje stelt út om kredyt beskikber te stellen fan €14.400 om 28 ekstra bakken te pleatsen. Neffens Hof (GB) is it tal klachten amper ôfnommen nei de pleatsing fan eardere bakken. Salang't eigners fan hûnen de brot net oprêde, lost it pleatsen fan nije bakken

neat op. It probleem is it gebrek oan hanthaving troch de gemeente. Dêrom tsjinnet GB in moasje yn om better te hanthavenjen.. Neffens Dykstra (FNP) is it tal klachten wol degelik ôfnaam, bewenners moatte inoar oansprekke. Op syn fraach wurdt sein dat der net folle bakken fernield wurde. De FNP is it iens mei de ynvestearring. It ferskaffen fan skepkes is in goed idee. De pûdsjes binne djoer en jouwe fersmoarging, se binne ek fandaalgefoelich. Van Dyk (PvdA) wol de wykskou troch it kolleezje brûke om ta te sjen op oerlêst troch hûnestront. Hy wol ek foto's fan oertreders bekend meitsje fia de lokale parse (mei in swart balkje oer de eagen fan de hûn...). Wethâlder Osinga stelt út om yn it tredde fearnsjier fan 2013 in wike in proef te dwaan mei kontrole troch in BOA ("beëdigd opsporings ambtenaar") folge troch in evaluaasje. As dit foldocht wurdt dit systeem repetearjend ynfierd. GB is it hjirmei iens en de moasje wurdt ynlutsen. It kredyt wurdt dêrnei mei algemiene stimmen goedkard.

  

Fytsoerstekplak Filosofenpaad-Harnserwei

Nei oanlieding fan it slimme ûngelok wêrby't in famke fan 17 jier omkommen is, stelt B&W út om in kredyt beskikber te stellen om dit gefaarlike oerstekplak feiliger te meitsjen.  De Harnserwei wurdt hjirby fersmelle om it ferkear stadiger ride te litten. Alle partijen stimme hjir mei yn. Dykstra (FNP) freget him ôf oft der in ynventarisaasje makke wurde kin fan likense gefaarlike oerstekplakken. Weth. Bekkema andert dat der in prioriteitenlist bestiet mei gefaarlike krúspunten dy't stik foar stik oanpakt wurde sille. Net alles kin tagelyk. It útstel wurdt mei algemiene stimmen oannommen.  

  

Romtlike fisy binnestêd Frjentsjer
It kolleezje stelt út om hjirfoar €25.000 beskikber te stellen omdat troch de ekonomyske krisis, demografyske ûntjouwingen en ynternet it gedrach fan konsuminten feroare is, wat konsekwinsjes hat foar de ynrjochting fan de binnestêd. De gemeente wol dizze fisy meitsje litte troch it advysburo DTNP. Dykstra (FNP) is it iens mei in nije fisy mar net mei de kar foar DTNP. Hy hat noed dat dit buro dat rûnom yn Nederlân aktyf is mei in standert rapport komt,   hy wol in alternatyf buro dat mei kreativer oplossingen komt en de befolking der mear by belûkt. Ouderkerken (GL) is it dêrmei iens. FNP en GL wolle byg. mear smûke terrassen yn de binnestêd. Weth. Bekkema lykwols jout de foarkar oan DTNP just omdat dat buro safolle ûnderfining hat en gemeenten ferlykje kin. Bekkema fynt it wichtich dat der as lûker in supermerk yn't sintrom bestean bliuwt nei't C1000 en Lidl dêr ferdwine.

It útstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei allinnich FNP en GL tsjin.

  

Underwiis yn krimpgebieten

It CDA tsjinnet (mei út namme fan alle oare partijen útsein de CU) in moasje yn om it kolleezje te fersykjen de grutte soarch fan de ried oer te bringen oer de gefolgen fan it sluten fan skoallen mei minder as 100 learlingen as sinjaal nei Den Haach. It kolleezje nimt de moasje oer. 

  

Rûnfraach

Keninginnedei sil yn Frjentsjer fierd wurde op 27 april. Dêryn is Frjentsjer frij unyk, de measte gemeenten hâlde it op 30 april. 

  

Jehannes Elzinga



Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 7 maart 2013



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer