NIJS   10-04-2013


Catrinus Straatsma ferlit bestjoer FNP Frjentsjerteradiel

Beheind ferslach fan 28 maart 2013, ús jierlikse algemiene ledegearkomste yn doarpshûs ‘it Mienskar’ te Easterbierrum.


Nei it iepenjen fan de fergadering, troch foarsitter A. M. van der Mei, hannelje wy de wurklist of.

 

Anna Martha meldt oan de fergadering dat wy fanôf no dwaande wêze sille mei de riedsferkiezing fan 2014.

Ynkoarten krije ús leden yn brief/mail mei it fersyk om mei te tinken en/of te wurkjen oan dizze kampanje.

 

Dan folgje de ynkommen stikken, it jierferslach fan de skriuwer en it finansjele part.

De leden ferliene ponghâlder J. Hiemstra desjarzje

 

Oftredend en net ferkiesber is Catrinus Straatsma.

Straatsma rjochte yn 1970 de FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel op (doe sûnder Frjentsjer en it part fan Barradiel) en begong oan in riedsperioade fan tsien jier. Dêrnei hat hy sitting hân yn it bestjoer. In tige belutsen en aktyf lid!

De foarsitter bedankt Catrinus foar syn ynset en oerlanget in bosk blommen en in bon.

Jehannes Elzinga wurdt troch de gearkomste yn it bestjoer keazen.

 

De riedsleden bringe ús op ‘e hichte fan it ‘wel en wee' fan de Frjentsjerter polityk.

 

By it omfreegjen komme noch ferskate saken oan de oarder. Dat alles ûnder it genot fan in slokje mei in flaubyt.

Om 22.15 oere betanket de foarsitter de leden foar harren oanwêzigens en slút de gearkomste.

 

Sa as gewoanlik hawwe wy in noflike jûn hân.


 
 ofskied Catrinus  


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer