NIJS   10-04-2013


Gjin beslút oer jierrekken

Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 4 april 2013.

Bestimming oerskot jierrekken 2012

Wichtichste agindapunt is it fêststellen fan  de gemeentlike jierstikken fan 2012 en de bestimming fan it oerskot. It kolleezje is tige grutsk dat se de jierrekken no al ree hat, dêrmei is hja de earste gemeente yn Fryslân. In primeur!

Ek yn 2012 is it wer slagge en hâld rom jild oer fan de begrutting. It oerskot bedraacht oer 2012 mar leafst € 3,6 miljoen ûndanks alle sombere foarspellingen. De meifallers fleane ús dus wer om earen. Dit giet no al jierren sa, de gemeente hat no sa stadichoan al mear as € 36 miljoen oan reserves yn kas mar wer is it net genôch. Útsteld wurdt rinnende it jier jild yn de foarsjennings te stopjen. It netto oerskot fan € 825.000 dat dêrnei oerbliuwt wol men tafoegje oan de reserves grûneksploitaasje.

De koalysjepartijen binne it hjirmei iens, it is de lêste tiid wer trije hannen op ien búk tusken Gemeente Belang, PvdA en VVD.  In nije ûntjouwing lykwols is dat de opposysje tichter nei inoar ta krûpt. FNP, Grien Lofts, D66 (hoewol't de hear Lap gauris skittert troch ôfwêzigens) en soms sels de grillige Stelma fan de CU wiene it faak al iens, mar nij is dat no it CDA, dat oant no ta ticht tsjin de koalysje oanskeukte,  it ynienen tige iens is mei de opposysje. Dat jout nije kânsen foar de takomst!

  

Fan de koalysje hat allinnich de VVD krityk op de bestimming fan it oerskot, Spoelhof  stelt út in part fan it netto oerskot fan € 825.000 te besteegjen oan De Skûle, omdat dy sok goed wurk docht en slim troffen is troch de besunigings. De rest kin nei grûnreserve.

Neidat Terpstra (GB) en Van der Hauw (PvdA) op suver oandwaanlike wize oanjûn hawwe hoe iens hja it binne mei de koalysje, set De Haan (FNP) him fûl te skoar  tsjin it kolleezjebelied. Hieltyd moat der noch wer mear besunige wurde en moat der noch wer mear jild nei de behearplannen. De jierlikse útkearing fan it ryk is € 22 miljoen, dat men kin neigean dat de posysje fan de gemeente op dit stuit poerbêst is. Mar sa kin it net trochgean, de oerheid is dwaande de ekonomy kapot te besunigjen. En dat yn dizze krisistiid. Der moat just ynvestearre wurde, om de leefberens fan ús regio te fersterkjen. Saken dy't ûnderhâlden wurde moatte, moatte nei foaren helle. De Haan wiist op it gefaar fan de Wet Hof, dy't it aansens mooglik makket dat de ryksoerheid ús reserves ynpikt. Dêrom ropt de FNP it kolleezje mei klam op in ynvestearringsprogram te meitsjen. De Haan is tige min te sprekken oer de ynformaasjefersjenning troch it kolleezje. Dy moat ynsichtliker wurde.

  

Ek it CDA is it net iens mei de bestimming fan it oerskot. De Pee freget har ôf wat it kolleezje docht oan de bestriding fan de krisis. It kolleezje moat kreativer wurde! Hja tsjinnet in amendemint yn  tegearre mei de FNP om it kolleezje op te roppen de € 825.000 te besteegjen oan "cofinanciering" fan nije ynvestearringsprojekten. 

Neffens weth. Bekkema hat de gemeente al in soad nije plannen om de bou te stimulearjen, lykas de ferbouwing fan Grut Lankum, de nijbou fan Noorderbreedte en de oanpak fan de Kanaalzone. Dy lêste ynvestearring fan € 20 miljoen stiet yn maaie op de wurklist fan de rie. Wat nijbou Hjerbeam oanbelanget: dit is folslein yn striid mei it bestimmingsplan en dêr jout it kolleezje gjin meiwurking oan.

Weth. Osinga is it iens mei de lof foar De Skûle. Hja stelt dat de besuniging oplein is troch de rie en net troch it kolleezje, dy kin de rie dêrom ek weromdraaie.
Úteinlik wurdt der stimd oer it amendemint fan CDA en FNP. It wurdt hiel spannend, de stimmen stake om't FNP, CDA, GL en CU foarstimme en de koalysje tsjin. Op de folgjende riedsgearkomste wurdt opnij stimd, de kâns is grut dat it dan oannommen wurdt, as ek Lap fan D66 oanwêzich is en inkelde koalysjeriedsleden ûntbrekke. Hjirtroch kinne ek de jierstikken net goedkard wurde. It kolleezje baalt want no reitsje hja harren primeur kwyt...Wurdt ferfolge! 

  

Reserves en foarsjennings

De FNP  tsjinnet in amendemint yn om de rekkenrinte tenei te stellen op 5% yn stee fan 6%.  Partners fiele harren yn'e sek naaid as wy sa'n hege rinte rekkenje. No't de rinte tige sakke is, is 6% net mear realistysk. Weth. Twerda sjocht de 6% as risiko-opslach en wol dizze sa hâlde. It amendemint wurdt  ôfwiisd mei 7 foar (FNP, CDA en GL) en 9 stimmen tsjin.

  

Nije huzen Tsjom

Men wol 4 nije wenten yn Tsjom. De VVD freget har ôf oft der wol fraach is nei dizze wenten, der moat net boud wurde foar leechstân. De huzen sille in plat dak krije en dêr is men net wiis mei. Neffens Bekkema is der wol fraach nei. Huzen mei in plat dak binne guodkeaper as mei in kap. Âldere minsken hawwe neat oan in kap, dêrom giet men der yn dit spesjale gefal mei akkoard. Ek de rie giet mei algemiene stimmen akkoard.

  

Rûnfraach

Dykstra (FNP) hat in fraach oer de klachten fan klanten mei de pilot fan Empatec-Pastiel, dat wurkleazen oan it wurk sette wol. Hja fine dat hja ûnbeskoft behannele wurde.  Foar Osinga binne de klachten bekend, it hat mei de opstartproblemen te krijen. It is gjin trend.

  

Jehannes Elzinga



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer