NIJS   07-05-2013


Kredyt foar de Koornbeurs

Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 25 april 2013.

Ek diskear waard it in lange sit, pas tsjin tolven wie de gearkomste beslikke. Der stienen dan ek wichtige punten op de wurklist, lykas de finansiering fan de Kanaalzone, de nije kredytoanfragen foar swimbad Blomketerp en foar de Koornbeurs. Al dizze punten laten ta djipdollende diskusjes. In punt dat twa jier lyn noch ta in protte striid late, mar no suver mei in hammerslach ôfrûne waard, wie it fuortbestean fan skoalle De Moskeflapper yn Hjerbeam. Alle partijen, ek de FNP, seagen no wol yn dat dizze skoalle net mear te rêden is, sjoen it lege tal learlingen fan 17 (wylst 23 it wettelik minimum is) en it ûntbrekken fan perspektiven.

 

Program ynvestearrings Kanaalzone

In punt dat yn'e foarige gearkomste omtrint ta in krisis late en no in sêfte dea stoar, wie it amendemint fan CDA en FNP om it oerskot fan de jierrekken oer 2012 fan €825.000 te besteegjen oan "cofinanciering" fan nije ynvestearringsprojekten. Dêroer staakten de stimmen de foarige gearkomste en moast de stimming no oerdien. Omdat Stelma fan de CU (tipelsinnich as meastentiids) fan miening feroare wie en Lap werris ûntbriek waard no it amendemint fersmiten mei 9 tsjin 7 stimmen. 

Kanaalzone

[Bron: Harlingen-online.nl]

Mar sa slim wie dit no ek wer net, want winliken wie it doel fan dit amindemint (om mear te ynvestearjen yn de ûntjouwing fan de stêd en sadwaande de wurkgelegenheid te stimulearjen) oernommen troch it kolleezje yn de foarm fan in útstel foar ynvestearrings yn de Kanaalzone, dy't sa'n €20 miljoen bedrage sille. Hjirta wol it kolleezje in oanfraach yntsjinje by it Waadfûns fan € 5,5 miljoen. Uteinlik is de rie it hjir folslein mei iens. De FNP (Jan Dykstra) fynt it in prachtich plan, it jout in toeristyske ynpuls oan de stêd. Mar de dekking "rammelt". Dat fynt ek Goeman Borgesius (VVD), dy't in wat singeliere rol spilet, hy sit fol krityk sadat it liket as at hy tsjin it plan is. Ien aspekt út de oanfraach, namtlik de stasjonsbrêge soe neffens him swierrichheden jaan omdat it yn de oanfraach oer ûnderhâld giet wat net subsidiabel is. Alle partijen wolle in nije brêge, dêr't de provinsje as eigner ferantwurdlik foar is. De âlde brêge is in ramp, ek hjoed wie dy wer kapot. Cnossen (CDA) freget him wêrom't de VVD sa lestich docht. As de kniper op de skine komt en FNP en CDA him derop fergje, blykt Goeman it dochs tige iens mei de oanfraach te wêzen. De VVD wol in moasje yntsjinje, om de provinsje der op te fergjen oan te jaan wannear't de nije brêge klear is. Wethâlder Bekkema is bliid dat de rie sa posityf is, it giet ommers om €20 miljoen foar wurk. Hy fynt de moasje fan de VVD  net nedich, mar it kolleezje is der net op tsjin en nimt dizze oer.

 

Drank- en horeca

Yn de nije Drank en Horecawet is bepaald dat de hanthavingstaak oergien is nei de gemeenten. Dêrom moat eltse gemeente in horecaferoardering opstelle. Dat hat, as earste gemeente, Frjentsjerteradiel dien, en dy feroardering wurdt no besprutsen. De hear Bleeker fan de Horecabûn hat fan te foaren ynsprutsen, hja binne it der net mei iens dat de kommersjele horeca oan swierder easken foldwaan moat as de para-kommersjele horeca, as bygelyks sportkantines en doarpshuzen. Wichtich yn de feroardering is benammen dat de jeugd net te maklik alkohol krije kin. De boargemaster stelt dat dat dien is omdat sneontemiddeis de measte sportaktiviteiten foar de jeugd plakfine, dan moat gjin alkohol skonken wurde.  Sneintemiddeis mei wol, dan binne it meast folwoeksenen dy't sporte.  De FNP (De Haan) freget him ôf oft it echt nedich is dat bygelyks tennisklubs foar toernooien troch de wike ûntheffing foar alkohol oanfreegje moatte. Dat liket wol wat al te burokratysk. Hy freget him ek ôf hoe't de hanthaving regele wurdt. It útstel fan it kolleezje wurdt oannommen. Nei in jier wurdt it belied evaluearre.

 

Swimbad Blomketerp

Swimbad 3
 It ferbetterplan wurdt besprutsen en it kolleezje stelt út om de liening fan € 115.000 om te setten yn in bydrage. Neffens de FNP (De Haan) mist it swimbad fet op'e bonken, ynsidenteel jild is gjin oplossing. De FNP is it iens mei it kredyt, it swimbad mei net ticht! Inkelde partijen û.o. GB en CDA binne it der net mei iens de liening om te setten yn in kredyt.

Wethâlder Twerda stelt dat tasein  is oan it swimbad om de liening om te setten yn in kredyt as der in deugdelik ferbetterplan leit. Dat is der no, dus moatte we ek de omsetting dwaan. Dat jout blyk fan fertrouwen. Dêr is men it mei iens, alle partijen, útsein CU, binne foar.

 

Koornbeurs

DeKoornbeurs
It giet net goed mei de Koornbeurs, it tal besikers sakket en it gebou begjint te fersuterjen. De rek is derút. Dêrom freget men wer in kredyt fan € 125.000. It kolleezje stelt út om in ûndersyk te dwaan nei it ûnderbringen fan de Koornbeurs by in oar teater yn Fryslân. Hjiroer ûntstiet fûle diskusje, guon partijen binne bang dat dit it begjin fan de ein is.

Alle partijen fine dat De Koornbeurs sels gjin skuld hat, it komt benammen troch de krisis dat minsken besunigje op teaterbesyk. Alle partijen útsein de CU, fine it wichtich dat der in skouboarch bliuwt.GB (Terpstra) dielt mei dat GB ferdield is. Hja is fûl tsjin op oername troch in oar teater en wol gjin ûndersyk. Neffens de PvdA moat de gemeentlike fúzje de oplossing biede omdat dan it draachflak grutter wurdt. De Bok is foar in ûndersyk,  hy wol dat moarn noch mei de Harmonie in ôfspraak makke wurdt.  Neffens Jan Dykstra (FNP) hat de Koornbeurs in ûnmooglike opjefte krigen om werom te gean nei it âlde subsydzjenivo. De FNP is foar it nije kredyt, mar dit moat wol de lêste kear wêze, der moat in strukturele oplossing komme. Neffens weth. Twerda is it tiid foar ûnortodokse maatregels. Hy fielt eangst yn de rie om sels mar it petear mei oare teaters oan te gean. Hy fynt GB wol slim defensyf. CDA, FNP en GL tsjinje in amendemint yn om gjin opdracht te jaan foar in offisjeel ûndersyk nei de mooglikheid om Koornbeurs ynhâldlik en organisatoarysk ûnder te bringen by in oar teater. Dit amendemint wurdt oannommen mei 9 tsjin 7 stimmen, CDA, FNP, GL en 2 leden fan  GB binne foar. Mar alle partijen  binne wol foar frijbliuwende petearen mei oare skouboargen. Is it net wat in semantyske diskusje? It kredyt wurdt mei algemiene stimmen goedkard, dat de Koornbeurs kin ynearsten foarút.   

Jehannes Elzinga



Downloads:
Raadsvoorstel theather de koornbeurs.pdf
Raadsvoorstel zwembad Bloemketerp.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer