Der is yn de perioade 2010-2012 in pilot hâlden yn Seisbierrum om in effektive wurkwize te ûntwikkeljen, dy't stifting fan nije Brede Skoallen mooglik makket. Út petearen mei it ûnderwiisfjild hat it kolleezje konkludearre dat der by de ûnderwiisbestjoeren yn Frjentsjerteradiel gjin ferlet is oan fierdere gearwurking op it mêd fan brede skoallen. Dykstra (FNP) fynt it stik oer de gong fan saken "warrich", de skoallen stienen net echt efter it belied. De sitewaasje is no kwetsber, it wachtsjen is op it plan fan de partners, mar it liket in stille dea te stjerren. De beheining ta it ûnderwiis fynt hy net goed. Ouderkerken (GL) fynt it spitich dat it sa ôfrint, de pilot is as in nachtkers útgien. Wat Seisbierrum oanbelanget is de gearwurking tusken de partners (Radius, PCBO, SKF en gemeente) sa goed dat in plan makke wurdt dêr't yn stiet hoefolle tiid en hokker middels nedich binne om de Brede Skoalle Seisbierrum-Pitersbierrum selsstannich funksjonearje te litten. Weth. Osinga is net negatyf oer de útkomsten. De kar foar in pilot yn S'bierrum hat goed west. Men wol fierder, ynstee fan "back to back" stiet men no "face to face". It plan foar gearwurking libbet wol, men is optein yn Seisbierrum. De konklúzje is dat stoppe wurdt mei it Brede Skoallebelied Frjentsjerteradiel.
Ûndersyk MFC Seisbierrum
De skoalbestjoeren yn Seisbierrum binne it no iens oer de lokaasje fan it MFC: dit moat It Waed wurde en net de alternativen Aeolus of garaazje De Boer. Alle partijen binne hjir wiis mei. It kolleezje stelt út in ferfolchûndersyk te dwaan nei de realisaasje fan in MFC. Dit soe in ekstern buro dwaan moatte foar €10.000. Dykstra (FNP) fynt it net nedich dat in ekstern buro dit docht, werom kinne ús amtners dit sels net? Weth. Twerda is it hjir net mei iens. It is better dit ûndersyk dwaan te litten troch objektive saakkundigen, dy't gjin belangen hawwe yn it doarp. It útstel fan it kolleezje wurdt oannommen.
Feilichheidsregio Fryslân en Regionalisaasje Brânwacht.
It takenpakket fan de Feilichheidsregio Fryslân wurdt troch lannelik belied sterk útwreide no't de brânwacht dêrûnder komt te fallen. Der komt in hiele nije managementstruktuer, sa wurde der 4 nije kommisjes ynsteld dy't harren dwaande hâlde sille belied en advisearring. Jan Dykstra (FNP) neamt de nije organisaasje in "bern mei in wetterholle". We moatte goed oppasse dat de frijwilligers wol motivearre bliuwe! It 15 minuten-kriterium by brân moat wol hanthavene wurde. Boargemaster Veenstra is dat hielendal mei him iens. Der sil goed kontakt hâlden wurde mei de frijwilligers. De wettelike foarskreaune opkomsttiden fan de brânwacht wurde net helle yn dielen fan de gemeente dy't allinnich oer it wetter berikber binne en lâns de Waadseedyk lizze. Dêrom binne dêr blusfivers oanlein. De ried stimt yn mei it útstel fan it kolleezje.
Hanthavening
It jierferslach 2012 wurdt
besprutsen. Ouderkerken fynt it net yn oarder dat der mar 38 fan de 50
gemeentlike gebouwen ûndersocht wurde. It belied is benammen rjochte op
minsken, minder op gebouwen. Dykstra merkt op dat we amper genôch minsken ha om
op de monuminten te passen. Is de kontrôle fan Aksje Jiskefet soms yn in jiskefet bedarre? Neffens weth. Twerda
wurde alle gebouwen op brânfeiligens kontrolearre. Weth. Osinga merkt op dat de plysje
ûnderbeset is troch de ynfiering fan Bisteplysje ûnder it foarich kabinet. Aksje
Jiskefet wurdt dan ek wer oppakt, is it doel.
Ôfeartstjoering
It jierferslach "Afvalsturing 2012" liedt ta in protte diskusje oer de
ôffaloven yn Harns (REC). Van Dyk (PvdA) freget nei de beleaning fan de direksje
fan Omrin. Allinnich it totaalbedrach oan beleaningen is bekend makke. Foldocht
dizze wol oan de Balkenende noarm? Wet.
Osinga wit it net, hja hat it wol frege, mar Omrin wegert te anderjen. PvdA en
VVD tsjinje in moasje yn om Osinga op te dragen it bedrach te efterheljen.
De moasje wurdt unanym oannommen en oernommen troch it kolleezje.
Ek wol Van Dyk witte wêr't 60% fan it ferwurke ôfeart weikomt, as steld wurdt
dat mar 40% út Fryslân komt. De VVD fynt dat we ús dielname oan Omrin opsizze
moatte, ôfeartferwurking is gjin taak foar de oerheid. Ouderkerken freget him
ôf oft it wol kloppet dat der by it REC gjin skealike stoffen frij komme. It
wurdt ferlike mei in Nederlânsk gemiddelde, mar dat fynt hy net earlik, it moat
ferlike mei it Frysk gemiddelde. Weth. Osinga seit dat as wy fusearje mei Harns
wy it REC derby krije! Terpstra (GB) makket har soargen oer ferfiersbewegingen
mei gefaarlik ôfeart. De kade soe ferhege, mar dat is net trochgien. Omrin jout
de skuld dêrfan oan Harns en oarsom. (Wêr begjinne wy oan troch fusearje te
wollen mei Harns...;opm. Elzinga). Stelma (CU) wol dat Omrin oantoant dat de
garânsje dat boargers de leechste priis betelje yn ferliking mei oarre
oanbieders fan ôfeart oan REC. Hy tsjinnet in moasje yn, ek dy wurdt mei algemiene
stimmen oannommen en oernommen troch B&W.
Ynkeap en oanbesteging
It rapport hjiroer like in
hammerstik te wêzen, mar it beteart oars. It docht nammentlik bliken út it stik
dat de gemeente mar 10% fan de oanbestegingen dwaan lit troch lokale
ûndernimmers en dat wylst de wurkleazens yn Frjentsjerteradiel aloan tanimt en
hieltyd mear bedriuwen oer de kop geane. Benammen Kamstra (GB), mar ek De Pee
(CDA) en Dykstra (FNP) meitsje hjir in hurd punt fan. It drompelbedrach foar
oanbestegingen fan lokale ûndernimmers wol Kamstra net ferheegje fan €10.000
nei €50.000. Boarg. Veenstra seit ta alle
war dwaan te wollen foar de eigen ûndernimmers. Hy wol alderhande formulieren
ôfskaffe, mar dêr is de rie it net mei iens omdat dan it ynkeapproses net mear
te folgjen is. Kamstra rûkt bloed en giet dan sa djip yn op de details dat de boarg.
it paad bjuster rekket. Binnen it kolleezje is gjin konsensus en nei in
skorsing wurdt útsteld it foarstel oan te passen en oer de fakânsje hinne te
tillen. Lykwols, Kamstra is it ek hjir net mei iens en wol dat de tekst daalks
oanpast waard. Úteinlik wurdt besletten
dat it kolleezje de tekst opnij opstelt en wol sa dat lokale ûndernimmers net
langer oan de krapperein komme. Wurdt
ferfolge.
Omfreegjen
Jan Dykstra hat argewaasje fan it wâld oan buorden by omliedingen, op it Ljouwerterein steane der wol 10 op 100 m! Neffens weth. Bekkema binne se allegearre ferskillend, mar hy seit ta út te sykjen oft it wâld net úttinne wurde kin.
Jehannes Elzinga