Tunnel Alvestêdewyk
De measte diskusje ûntstiet oer it
kredyt fan €5 miljoen foar it oanlizzen fan in fytstunneltsje ûnder it spoar
troch dat de Alvestêdewyk (Plan Súd) ferbine moat mei it sintrum fan
Frjentsjer. Ynsprekker Van der Brug
pleitet as fertsjintwurdiger fan de wyk foar it tunneltsje, dat tige wichtich
is om it isolemint fan de wyk op te heffen. Der is in protte ferlet fan in
koarte en feilige ferbining. Hy hat in grutte groep supporters út de wyk
meinommen dy't fûl klapt nei syn taspraak. Op D66 nei is de hiele gemeenterie wakker
posityf oer it tunneltsje. Jan Dykstra (FNP) fynt it plan goed, mar freget him
wol ôf wêrom it net oanslút op it Hitsumer Binnenpaad. De krusing mei't spoar fynt hy wol in djoere
oplossing. Hy freget him ôf oft alternativen wol goed ûndersocht binne, lykas
in brêge, dy't folle sierliker is as in tunnel. Neffens weth. Bekkema is €5
miljoen in merkkonforme priis, in brêge is net guodkeaper. Gelykflierse
krusingen soenen wol guodkeaper wêze mar binne net tastien fanwegen de
feilichheid. Uteinlik wurdt it kredyt
mei algemeine stimmen goedkard, ek dy fan D66.
Hûs en Hiem
De jierrekken fan Hûs en Hiem lit in negatyf resultaat sjen fan hast 1 ton yn 2012, dat droegen wurdt troch de dielnimmende gemeenten. Foar Frjentsjerteradiel komt dit del op in bedrach fan goed €3000. It negative saldo komt benammen troch de ôfname fan it tal adfysoanfragen troch gemeenten, in gefolch fan de boukrisis. Spoelhof (VVD) hechtet net oan H&H. De Haan (FNP) freget hoe't it kin dat der in ton ferlies is. Neffens de jierrekken nimt it tal FTE's by H&H ta, wylst it wurk minder wurdt, is dit net tsjinstridich? Hy fynt dat de organisaasje oanpast wurde moat. Kin H&H wol selsstannich bliuwe? Fierder fynt hy it nuver dat de akkountantsferklearring der noch net is. Weth. Twerda andert dat it djoerder is wurksumheden troch eksterne partijen dwaan te litten ynstee fan troch H&H. De kosten binne net maklik te ferleegjen, der kin wol personiel ûntslein wurde, mar dat komt dan op wachtjild en dêr besparret men neat mei. Hy stelt wol dat der yn 2014 in slutende begrutting komme moat. De akkountantsferklearring is der noch net, mar Alle partijen hechtsje oan H&H omdat dat in ûnôfhinklike ynstânsje is mei ekspertise dy't de gemeente sels net hat. Mei 12-3 wurdt de jierrekken 2012 goedkard. Ek de FNP giet akkoard.
Ynrjochtingsplan Frjentsjerteradiel - Harns
Dit plan giet oer de kompensaasje
fan de grûnfersakking as gefolch fan de sâltwinning troch Frisia en de gaswinning
troch Vermilion. It plan omfiemet in pakket oan maatregels om de
wetterhúshâlding en de lânboustruktuer te ferbetterjen en om natoer, lânskip,
kultuerhistory, rekraasje en leefberens te skewielen. It giet om in
ynvestearring fan hast €50 miljoen yn de perioade 2013-2020. Alle partijen binne bliid dat der no lang om
let in konkreet plan op tafel leit en oer't generaal is men it mei de ynhâld
iens. Allinnich Ouderkerken (GL) wol de beslútfoarming ferskowe nei septimber
om ôf te wachtsjen wat der út de proefboaringen nei sâlt yn de Waadsee komt.
Mar hy stiet allinnich, alle oare partijen binne poer tsjin op fierder útstel. Dykstra
(FNP) fynt wol dat der te min kompensaasje jûn wurdt troch Frisia en Vermilion,
hy fynt it ferkeard dat de gemeente noch foar in soad kosten opdraait. Alle
skea moat fergoede troch de belanghawwende partijen! Hy fynt it ûnsin dat
Frisia stelt: "genoodzaakt te zijn zout onder de zeebodem te winnen". Mar we
binne al sûnt 2007 dwaande en it plan moat no útfierd, dat is it wichtichste
foar de bewenners dy't skea oprûn hawwe. As ynsprekker pleitet De Kok út namme fan
Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum tsjin de ferbreding fan guon diken yn it
gebiet. Smelle dykjes lykas by Âlde Syl ha just beskate sjarmes, mei
parkearhavens kin men ek in protte knyppunten yn it ferkear oplosse. Hy fynt dat der gjin bioyndustry yn it Bûtengebiet
komme moat, dat soe net dúdlik yn it plan stean. Neffens him is Doarpsbelang
der te min by belutsen. De Bok (PvdA) fynt it wichtich sa gau mooglik mei't
wurk te begjinnen, der ûntstiet in protte wurkgelegenheid. Weth. Twerda fynt
dat Doarpsbelangen alle kâns hân hat sjenswizen yn te leverjen, mar as se dat
net dogge is dat eigen skuld. Der is ek gjin sprake fan dat Slappeterp ea wer
yn byld komt. As sâltwinning yn de Waadsee net slagget, is it Schluss foar
Frisia! Hy fynt dykferbreding nedich om de doarpen te ûntlêsten fan
lânbouferkear. It plan wurdt mei algemiene stimmen oannommen.
Jehannes Elzinga