NIJS   01-11-2013


Programmabegrutting 2014

Riedsgearkomte - 31 oktober 2013

ALGEMIEN

Allerearst in reaksje op de begrutting en ynvestearringslist.

  • It liket derop dat it kolleezje der yn slagge is om foarsjoene tekoarten yn 2014 om te bûgjen nei in posityf resultaat. De FNP wol it kolleezje dan ek lokwinskje mei dit resultaat. De jierren dernei liket it wer mis te wêzen.
  • Der sjogge we troch hinne, want sa liket it alle jierren wer en it slagget hyltiten wer om droech oer de sleat te kommen.
  • Mei oare wurden takom jier mar werris sjen hoe't it yn 2015 komt; dus betrouwen ha.
  • Mar wol rekken hâlde mei tsjinfallers. Unwissichheden fan desintralisaasjes en weryndielingskosten.
  • De FNP fynt dat de omskriuwing fan de ûnderdielen sa stadichoan in kopiearstikje wurdt. Wat yn de programmabegrutting fan 2013 stiet, stiet ek wer yn 2014. En dat wie ek al sa yn 2012. Yn al dy jierren wurde de selde saken brûkt yn bygelyks 'wat willen we bereiken en wat gaan we er voor doen'. Der giet net folle ambysje fanút at jin net wat nijs te betinken witte.
  • Yn de taljochting stiet dat de griene ombûgingen noch net ferwurke binne yn dizze begrutting. Sa ek minder stemburo's.

Fraach:

  • is it sa dat it tal stemburo's gelyk bliuwe as yn 2010? At dat sa is soe de FNP der bliid mei wêze.

Los fan boppesteande, liket it sifermjittich allegear goed. Dochs ha wy it programma ûnderdiel noch wol wat fragen. Wannear't de wethâlder hjir no gjin antwurd op jaan kin mei it ek letter. De fragen wurde trochjûn.

Programma 1 Bestjoer:

  1. By intergemeentlike gearwurking stiet by 3.1 dat der tariedings troffen wurde ta in bestjoerkrêftige gemeente. Bliuwt it dêrby of wurde ek al tariedings troffen oer mear gearwurking op amtlik en belieds mêd, sa dat de fúzje yn 2017/2018 glêd ferrinne kin.

Programma 3 Ferkear en Iepenbiere romte

  1. De ynhaalslach op ûnderhâld fan diken wurdt yn 2016 ôfrûne. Ek is der faasje makke mei de oare ynfraprojekten. Dat is in goed resultaet. De diken stean der goed foar. De dyk Berltsum-Ried soe noch wol oanpakt wurde kinne mar miskien stiet dat al yn it GVVP.
  2. In soad lyksoartige foarnimmens yn 2013-2014 (sjoch 2 behear Iepenbier Grien). Wat is dêr no mei dien.
  3. Grien: De FNP soe wol graach in goed Grienbeleidsplan ha wolle dêr't in dúdlik belied foarstien wurdt, sa as bygelyks, wannear kappe, hokker dikke beammen wol en net.

Programma 4 Lokale ekonomy

  1. By 4 ('bevorderen ondernemersklimaat') soene wy der wol graach oan ta foegje wolle dat de gemeente mear docht oan oanbesteging oan eigen ûndernimmers, alteast mear eigen ûndernimmers de kâns jaan om mei te dwaan. Dêr hat it noch wolris oan.

Programma 5 Underwiis Fragen:

  1. Wy misse hjir passaazjes oer de problemen by Underwiisgroep FIER en wat der oan dien wurdt. Ek liket dêrtroch dat der gjin rekken holden wurd mei tsjinfallers dy't mooglik op de gemeente ôfkomme. Al steane dy wol by de risikoanalyze (1 miljoen).

Programma 8 Wolwêzen en Soarch

  1. De FNP soe graach sjen dat hjir mear gerjocht dien wurdt oan âldereinfoarsjennings sa as bygelyks deibestegingen foar alderein (net allinnich soarch pgb); dêr stiet neat oer yn. Ek wurdt der net jild foar reservearre. No falt dat noch net formeel ûnder ferantwurdlikens fan de gemeente mar ek it Bildt stipet dit, dy jouwe subsydzje foar deibesteding. Kin Menameradiel der net by oanslúte?

Programma 9 Miljeu

  1. Wy misse hjir in dúdlik belied foar duorsumens. Der is oanjûn dat der belied foar sinnepanielen of sokssawat komt, mar dêr lêze we neat oer.
  2. De FNP soe ek graach in bedrach opnimme wolle foar oanskaf fan sinnepanielen op de Roelingahal. As foarbyld foar oare (semi) oerheidsgebouwen. Dit kin wat ús oanbelanget ek wol op de ynvestearringslist.

Programma 10 Bouwen en Romte

  1. Wy misse hjir wer it foarnimmen ta belied oer behâld fan byldbepalende lokaasjes en gemeentlike monuminten. Der is no subsydzje foar te krijen fia de Streekaginda. Ek kinne we Hûs en Hiem hjirmei stypje. Wy soene graach sjen dat it kolleezje hjir nei de mooglikheden sjocht.

Yn algemiene sin kin de FNP harren wol fine yn de begrutting 2014, it dekkingsplan en list fan ynvestearrings mar soe graach wolle dat de begrutting/ynvestearringslist oanpast wurdt mei de opmerkingen sa as oanjûn:

  • Jild foar sinnepanielen op it dak fan de Roelingahal (ynvestearring 100.000 /jierlikse kosten 4000 rinte)
  • Jild foar beliedsplan byldbepalende lokaasjes en monuminten (begrutting 30.000) Dat besjut sa’n € 34.000,- minder oerskot op de begrutting.

Besprekpunt



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer