Acht kolleezje,
Graach krije wy andert fan jimme op de folgjende fragen:
- Wy ha klachten krigen oer de feart efter de Hillige Kamp yn Bitgum. De feart stjonkt en der driuwe simmers deade fisken yn. Der is al ris praten mei in amtner mar der is neat sichtbers oan dien.
- De bewenners rûnom it plein/Alddyk yn Bitgum (Koster) ha in tiid werom in mail stjoerd nei dhr. Wever en Van Asperen dat noch hieltiten net alle problemen en fragen oplost binne. Der is noch gjin andert op jûn.
Graach heare wy skriftlik wat der oan dizze saken dien wurde sil.
Tank alfêst !
Mei groetnis,
Nammers de FNP fraksje
H.F. (Rikus) Sinnema