NIJS   18-11-2013


Koart ferslach gemeenteriedsgearkomste 7 novimber 2013

Mei de ûnderwerpen programmabegrutting, winkeltiden, bestimmingsplan bûtengebiet èn it Keatsmuseum.

De boargemaster begjint de gearkomste mei it betinken fan Hannah Ludwig dy't koartlyn ferstoarn is. Hja hat jierrenlang de gemeente tsjinne as riedslid en wethâlder foar de PvdA.

  

Programmabegrutting 2014
De begrutting oer 2014 lit in posityf saldo sjen fan € 2525, foar de jierrren dêrnei wurde hege tekoarten fersjoen fan € 400.000 yn 2015 oant € 1,3 miljoen yn 2017. It kolleezje stelt út it positive saldo oer 2014 ta te foegjen oan de algemiene reserves. De kolleezjepartijen en ek it CDA slute harren hjir klakkeleas by oan, mar sa net de FNP. De Haan (FNP) freget him ôf wa't dizze sifers noch leaut. It is elts jier wer itselde lietsje: nei ôfrin docht bliken dat wy grutte bedragen oerhâlde fan de begrutting. Hy easket realistyske sifers, hjir hawwe we neat oan. De mearjierrenrûzing moat tichter by de wurklikheid lizze. Faaks binne nije besunigings dan net nedich. De FNP fynt ek dat grutte projekten dy't dit jier ôfrinne, net trochskood wurde moatte nei takom jier. Weth. Twerda snapt net dat de FNP de tsjustere wolken net sjocht dy't op ús ôf komme.

Nei de ferkiezings moat der flink besunige wurde. Spoelhof (VVD) tsjinnet in moasje yn om de fersjenning foar âld pepier op nul te stellen, it frijfallende bedrach fan hast € 300.000 soe dan tafoege wurde moatte oan de doarpsfyzjes. Dizze moasje wurdt oernommen troch it kolleezje sûnder de einbestimming fan it jild no al oan te jaan. Úteinlik wurdt it útstel oannommen mei 15-1, allinnich de CU is tsjin.

  

Winkeltiden

Wiidweidige diskusje ûntstiet oer it útstel fan de gemeente om de winkeltiden te feroarjen mei as eftergrûn de wiziging fan de winkeltidewet. Dêrom sil op termyn de algemiene iepenstelling fan winkels wersjoen wurde. Dêrop foarút rinnend wol B&W de eienpstelling fan supermerken op snein no al regelje. Op dit stuit binne op sneins de winkels sletten, ôfsjoen fan in ûntheffing foar heechstens 12 keapsneinen yn't jier. Ien supermerk hat ûntheffing krigen om sneintemiddeis iepen te wêzen. B&W stelle no út fanwegen  it gelykheidprinsipe om alle supermerken yn de gemeente de mooglikheid jaan sneintemiddeis fan 12 oant 6 oere iepen te wêzen.  Partijen as CDA, CU en GL binne tsjin iepenstelling op snein om de sneinsrêst net oan te taasten. Oare partijen, lykas ek de FNP sjogge dat de konsumint ferlet hat fan feromming fan de winkeltiden. Mar werom no al de winkeltiden fan allinnich supermerken ferromje? De ûntheffing foar 12 keapsneinen jout no al genôch romte. De VVD tsjinnet in amenndemint yn om no al alle winkels de mooglikheid te jaan sneintemiddeis iepen te wêzen. Úteinlik wurdt it amendemint fersmiten mei 12-4 (ek de FNP stimt tsjin). Oer it  kolleezje-utstel stake de stimmen (8-8), trochdat der in tal riedsleden fan de koalysje ûntbrekke. It útstel wurdt oanhâlden oant de desimber gearsit, sadat oant jannewaris alles itselde bliuwt. 

 

Bestimmingsplan bûtengebiet
It kolleezje hat in nij bestimmingsplan opsteld, dat mar leafst 1000 siden telt! In singeliere kombinaasje fan VVD en GL hat in moasje opsteld om skûlstallen ta te stean, as dy lânskiplik ynpast wurde. Dit fernuvert Twerda: it wie just de rie dy't earder gjin skûlstâlen tastean woe, en no dan ynienen wer wol? De moasje wurdt fersmiten mei 13-3, ek de FNP is tsjin. It útstel fan it kolleezje wurdt mei algemiene stimmen oannommen.

Keatsmuseum
By it skieden fan de merk komt de FNP (mei CDA en GB) mei in moasje om it keatsmuseum dat op 1 jann. 2014 syn húsfesting kwytrekket te rêden. B&W moat ûndersykje hoe't dit unike keatsintrum foar Frjentsjer realisearre wurde kin en dêrfoar maksimaal 1/3 fan it nedige jild beskikber stelle. Weth. Twerda is tsjin de moasje omdat dit it útskriuwen fan in blanko check betsjutte soe, hy wol earst in geef business plan sjen. Mar nei't de provinsje in lyksoartige moasje ek oannommen hat, kin Frjentsjer net efterbliuwe en om in sinjaal te jaan wurdt de moasje oannommen mei 10 tsjin 6 stimmen. Foarsitter Jan Hiemstra fan it keatsmuseum, dy'y op de publike tribune sit, kin tefreden wêze, Frjentsjer lit syn museum net fersûpe! Hy kin no oan it wurk om op koarte termyn it business plan yn te tsjinjen, sadat Frjentsjer der skielk in attraksje fan komsa by krijt!


Jehannes Elzinga



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer