![]() |
OSF Senator Kees de Lange, dy't ek foar de FNP yn de Earste Keamer sit, hat skriftlike fragen steld oer de gewraakte personielsadvertinsje fan Rykswettersteat, dy't foar in kommunikaasjefunksje ‘een randstedelijk type' siket. De Lange wol witte wêrom't de Rykstsjinst gjin Noarderlingen wol.
Kees de Lange OSF-Senator foar de FNP
Reaksje? Mail: keesdelangeosfractie.nl |
De OSF fraksje hat noed oer it feit dat der by Rykswettersteat sa't it liket in sfear hearsket werby it bedoelde ynsidint him foardwaan koe. Yn earste ynstânsje wurdt der foar in fakatuere yn Rykstsjinst selektearre op regionale ôfkomst. Soks is ûngelikense behanneling dy't yn de Grûnwet ferbean is. De Lange freget de minister nei maatregels om sokke ‘útwassen' yn de takomst foar te kommen.
De OSF hat begrepen dat Rykswettersteat der nei stribbet om him as tsjinst goed te woarteljen en te profilearjen yn de regio's dêr't hja aktyf binne. De minister krijt no de fraach hoe't dit belied no en yn de takomst fierder ynfolle wurde sil.
De fragen binne steld nei oanleiding fan in artikel yn de Ljouwerter Krante fan 7 desimber mei as kop ‘Rijkswaterstaat neemt liever geen Noorderling aan.'