Útnoeging
De FNP-ôfdieling Frjentsjerteradiel noeget jimme graach út foar de nijjiersgearsit fan de FNP op sneon 4 jannewaris 2013 yn Grandcafé De Doelen te Frjentsjer.
It programma foar dizze middei sjocht der sa út:
13:45 Ynrin
14:15 Wolkomstwurd fan foarsitter Ultsje Hosper
14:45 Taspraak Annigje Toering, start ferkiezingskampanje
15:30 Útrikken fan de Fryske Natuer- en miljeupriis
16:00 Útrikken fan de Sulveren Fyts
17.30 Start buffetPassend by it seizoen en ús prachtige provinsje is der keazen foar in rynsk stamppôtbuffet. It wurdt in ferrassende en gesellige middei, dat wy hjitte jimme graach wolkom yn it klopjend hert fan de keatswrâld!
Litte jim wol efkes witte as jim komme? Stjoer hjoed noch in mailtsje mei it tal persoanen dêr't jim mei komme. Mail yn alle gefallen efkes it tal meidoggers oan it buffet, dêr't wy € 15,00 de man/frou foar freegje, daliks by it begjin te foldwaan. Jou ek efkes dieetwinsken op.
De mailtsjes kinne nei: annamartha.van.der.meifnp.frl
Skylje kin fansels ek: 06-29080771 (Anna Martha).
Sjoch foar it parkearen efkes op 'e side fan Centrum parkeren Franeker
Leden en stimmers, graach oant sjen op 4 jannewaris yn Frjentsjer!
![]() |
Grand-Cafe de Doelen Breedeplaats 6 8801 LZ Franeker |