|
Gerbranda State krijt de priis foar har duorsume bedriuwsfiering. Undernimmer Asse Aukes is yn 1990 op it hjoeddeistige plak oan de Hoannestreek yn Pitersbierrum mei ikerbou starten en no binne der 4 haadtakken op it bedriuw dy't inoar fersterkje.
De ikerbou is biologysk dynamysk, alle produkten wurde op eigen bedriuw kuolle, bewarre, sortearre en ferpakt. Der wurdt ek wurke mei plantaardige fetten en biodiesel. De geitehâlderij is der kommen om de kringloop sa folle as mooglik te slúten. De geiten wurde foar in part fuorre mei produkten fan it lân en se leverje de dong dy't by de ikerbou nedich is.
Yn de buorkerijwinkel wurde de ikerbouprodukten ferkocht en Gerbranda State is ek in soarchbuorkerij wêr't romte is foar ferskate doelgroepen fanôf 16 jier. Op de Nijjiersgearsit fan de FNP op 4 jannewaris yn Grandcafé De Doelen sil it bedriuw de priis oerlange krije troch FNP deputearre Johannes Kramer.
|
![]() |
![]() |
![]() |