NIJS 08-01-2014
FERKIEZINGSPROGRAM FNP MENAMERADIEL 2014-2018
Wêr stiet FNP Menameradiel foar?
FNP Menameradiel giet de ferantwurdlikens net út de wei en docht wat se sizze.
Mei oare wurden rjocht troch see, ja is ja en nee is nee,
dúdlik FNP!
It ideaal fan de FNP is om op demokratyske wize
te wurkjen oan 'e takomst fan ús gemeente, it behâld fan de Fryske
mienskip en fan har taal en
kultuer.
Behâld en kreëarjen fan wurk, it fersterkjen fan de ekonomy, in
lytsskalige weryndieling en rekreaasje oan de klaai- en
âlvestêdefarrûte binne in tal fan de haadpunten út it
ferkiezingsprogram.
Yn Menameradiel is de lêste fjouwer jier de
Fryske taal op gemeentlik oerheidsnivo efterút rûn. De gemeente is twatalich en
it Frysk moat folle mear stimulearre wurde as de lêste tiid it gefal is. Op 'e thússide fan de gemeente is it Frysk net
yn lykwicht mei it Nederlânsk op ‘e side. De FNP stiet der op dat der nei stribbe wurdt om dêr't it mooglik
is allinne meiwurkers binnen it gemeentik apparaat oan te stellen dy't it Frysk machtich binne.
De Fryske kultuer, lânskip en beammen yn
Menameradiel wurde net genôch beskerme. De FNP hat bygelyks in foarstel dien om byldbepalende gebouwen en lokaasjes
yn doarp en fjild troch bettere regeljouwing te beskermjen. De koalysje partijen fûnen it
net wichtich genôch. Spitich, want it
kin oars en hoecht net folle jild te kostjen.
De FNP stiet der op dat by elke net iepenbiere
oanbesteging fan wurk troch de gemeente, ek eigen bedriuwen in kâns krije
moatte. Hjoed te dei sjogge we dat te folle bedriuwen út oare gemeenten en
provinsjes it wurk krije en ús eigen bedriuwen net. Dat kin sa net; we moatte
it wurk yn eigen gemeente hâlde. De
gemeente moat wurkleazens ek mear bestride troch bygelyks
herstrukturearringsprojekten op te sette.
De FNP wol dat de ynwenners
de baas binne oer de takomst yn eigen
gemeente en wol mear foech by de ynwenners fan de doarpen
del lizze. Dêrfoar moat jild beskikber
steld wurde sadat de ynwenners mear sels ferwêzentlikje kinne en sadwaande
tagelyk mear mienskipssin kreëarre wurdt.
1a. Iepenbier bestjoer
- De FNP wol yn de hjoeddeiske en yn ‘e nije sitewaasje nei in effisjint en profesjoneel wurkjend amtlik apparaat en bestjoer ta.
- De FNP is tsjin it foarnimmen fan it regear ta fermindering fan it
tal riedsleden. Dat giet te'n koste fan it demokratysk gehalte om't
lytsere partijen net mear dielnimme kinne. Sjoen de kosten hoecht it
tominsten net.
- De FNP wol dat der nei stribbe wurdt om, dêr't it mooglik is,
meiwurkers oan te stellen dy't it Frysk machtich binne. Dêrby stiet
foarop dat kwaliteit it wichtichste is. Ek de kommunikaasje binnen it
gemeentik apparaat en nei boargers ta moat safolle mooglik yn it Frysk.
- As saken yntern of yn gearwurking mei oare gemeenten oplost wurde kinne, is de FNP tsjin it oanstellen fan nije meiwurkers.
- It amtlik apparaat moat it leafst selsstjoerend wêze. Dus fan te
foaren doelstellingen formulearje en dêr op ôfrekkenje en sa min mooglik
djoer kader oanstelle.
- De rie moat beslisse op haadlinen mar is mei ferantwurdlik foar de
útfiering fan taken. Yn dat ferbân moat de rie ticht by de boarger stean
om saken dy't by de boargers spylje, troch te jaan oan amtner en
kolleezje.
- De FNP stiet der op dat gemeentebestjoer, boargemaster, wethâlders
en amtners tsjinstber binne oan de boarger en ferwachtet folsleine
iepenbierens.
1b. Weryndieling
- De FNP hat har útsprutsen dat in weryndieling op it stuit net
hoecht mar dat de druk fan de provinsje Fryslân en de fierdere
desintralisaasje fan taken nei de gemeente ús twinge sil ta in fúzje om
sa de kwaliteit behâlde te kinnen. Wannear't der wol weryndield wurdt,
dan op sa'n lyts mooglike skaal yn Noard-West Fryslân. Sa'n 45.000
ynwenners is genôch om de gemeentlike taken kwalitatyf goed út te
fieren.
De fúzjegemeente fan bygelyks Menameradiel, It Bilt en
Frjentsjerteradiel moatte út harsels fusearje wolle. Doarpen dy't mei in
dúdlike boargerlike foarkar (bygelyks troch in referindum of enkête)
nei in grinskorreksje by dizze nije gemeente of in oare gemeente foege
wurde wolle, sille troch de FNP stipe wurde.
- De FNP wol dielname oan mienskiplike regelingen skrasse. De nije
fúzjegemeente moat troch in fúzje safolle mooglik selsredsum wêze. As
der wol mienskiplike regelingen bliuwe, moat de rie it úteinlike foech
hâlde.

- De FNP is foarstanner foar in sintraal gemeentehûs yn bygelyks
Frjentsjer en heechút noch 2 bykantoaren yn Menaam en St. Anne foar de
heechst needsaaklike tsjinstferliening. De âlde monumintale
gemeentehuzen moatte bewarre bliuwe en in gaadlike en passende
werbestimming krije.
- De FNP is fan betinken dat de ôfstân fan bestjoer nei boarger troch
in weryndieling grutter wurdt. Dêrom moat der foar elk grut doarp of in
tal lytse doarpen byinoar in doarpekoördinator oansteld wurde, dy't
fiergeand foech krijt om saken te regeljen. Bygelyks prioriteiten yn
ûnderhâldswurk soe troch in doarpskoördinator ta stân komme moatte en
fia doarpsbelang trochdien wurde oan de gemeente, sadat in doarp better
ynspylje kin op winsken dy't yn it doarp libje. De wurkwize fan de
gemeente soe dêr op ynrjochte wurde moatte.
- De FNP wol harren de kommende jierren sterk ynsette foar in sa
maklik mooglike oergong nei in nije gemeente. De kommende jierren
yntinsyf oparbeidzje mei de oare fúzjegemeenten sil dit befoarderje
moatte.
- De FNP hat noed foar de hjoeddeiske gemeentemeiwurkers. Der moat in
goede regeling en begelieding komme foar dyjinge dy't har baan ferlieze
en dy't oanslút by de wetjouwing. Gouden hândrukken is de FNP poer op
tsjin.
- Yn de oanrin nei de nije gemeente moat goed sjoen wurde nei
natuerlik ferrin fan meiwurkers en der moat net te gau nij personiel
oanaam wurde.
2. Feiligens
-
De regio's fan plysje en brânwacht moatte net grutter wurde as no it gefal is.
- De boarger moat him feilich fiele. Genôch plysje of boargerwacht
op strjitte. Boargers moatte de plysje maklik benaderje kinne en moatte
serieus nommen
wurde by oanjefte fan misdieden of klachten.
- De FNP fynt dat de brânwacht op lokaal nivo wurkje kinne moat om sa
frijwilligers
behâlde te kinnen en de útruktiden sa koart mooglik te hâlden. De
frijwilligers moatte gelyk behannele wurde as profesjoneel betelle
personiel. Der moat goed sjoen wurde nei lykwicht yn stúdzjes en
fergoedings.
3a.Ferkear
- Fytsers en fuotgongers moatte feilich op 'e dyk wêze kinne. Dêrom moatte der genôch fyts- en rinpaden wêze.
- It iepenbier ferfier moat benammen ek moarns en jûns genôch bussen ynsette.
3b. iepenbiere romte en grien
- It reguliere en grut ûnderhâld oan diken en riolearring moat
trochset wurde; der moat net op besunige wurde. No neat dwaan, betsjut
letter in djoerdere efterstân fuortwurkje.
- It grien yn de gemeente moat soarchfâldich en op grûn fan in goed
en dúdlik grienbeliedsplan ûnderhâlden wurden. It kin oars en better as
no it gefal is. Bygelyks: de no jildende noarm foar it kapjen fan
beammen is te rom. In oare maat (bygelyks 25 sm. trochsnee ynstee fan 40
sm.) jout mear wissichheid foar in griene takomst.
- De bermen kinne op in oare wize ûnderhâlden wurde. By de diken lâns
de earste meter en by krusingen faker meane. Grutte oerhoeken en de
talúds ien kear per jier.
- Meer bioferskaat en griene inisjativen. In griene omjouwing kin
liede ta in better wolwêzen foar minsken en bisten, tink bygelyks oan de
bijen. Yntinsivearje fan it grien sil liede ta mear plantesoarten: dus
net op it grien fersoberje troch alle plantefakken te ferfangen mei gers
yn ferbân mei besunigings.
- It grienûnderhâld yn doarpen kin perfoarst better. Yn it nije Grienplan moat hjir mear omtinken foar komme.
- Kappe en ûnderhâld moat foarôf kenber makke wurde sadat de boarger der noch op ynspylje kin.
4. Lokale ekonomy:
- De lokale ekonomy hat foarrang by oanbesteging fan wurk dat troch de gemeente dien wurdt. Yn alle gefallen m
oat by elke oanbesteging sjoen wurde nei de ynset fan eigen bedriuwen.
- Jongerein en wurkleazen moatte wurk oanbean krije yn eigen doarp of
gemeente. Wurkoanbod en oplieding moatte op inoar ôfstimd wurde.
- De gemeente moat wurkleazens bestride troch projekten op te setten
lykas herstrukturearringsprojekten, bygelyks ôfbrekke en op ‘e nij
opbouwe fan boufallige wenningen en bedriuwsloadsen, dy‘t earst troch de
gemeente of ûntwikkelders oankocht binne en dan troch wurkleazen en
minsken mei in beheining yn kombinaasje mei boubedriuwen op ‘e nij
opboud wurde foar bygelyks âlderein- en starters wenten.
- Yn gearwurking mei bedriuwen en branche-organisaasjes moat troch de
gemeente aktyf socht wurde nei de kânsen foar it behâld fan banen en it
kreëarjen fan nije banen, net allinnich yn de hurde sektor mar ek yn de
soarch.
- Der moat in goede ôfstimming komme tusken ûnderwiis, ûndernimmers
en de publike sektor om de talinten fan de jongerein noch better te
ûntwikkeljen. Heechweardige bedriuwen kinne der foar soargje dat ús
jeugd hjir wenjen bliuwe kin.
- Fergunningoanfragen moatte mei faasje makke wurde troch de amtners.
Offisjele terminen binne der, mar de tiid dêr foar, der tusken yn en
der nei moat sa koart mooglik hâlden wurde.
5. Underwiis en Fryske taal
- De FNP stribbet nei behâld fan alle lytse skoallen. De skoallen yn
‘e doarpen moatte gearwurkje of fusearje om oerein te bliuwen. De FNP
kin him net fine yn de plannen om skoallen mei minder as 100 learlingen op te heffen. De hjoeddeiske ûndergrins is foar de FNP de basis.
- De rie moat mear foech krije yn de mienskiplike regeling foar it
ûnderwiis. De FNP wol dat de rie it foech krijt oer de oanstelling fan
direkteur en rie fan tafersjoch en oer it al of net sluten fan skoallen
en oer de begrutting.
- De gemeente moat de skoalbestjoeren yn har stribjen nei goedkeape
húsfesting stypje. Dat kin troch it opsetten fan bygelyks brede skoallen
en alternative enerzjy.
- De skoallen moatte trijetalich ûnderwiis jaan. Bern hawwe rjocht op
goed taalûnderwiis, trijetalige skoallen drage by ta in meartalige
kultuer en is foar de bern in grutte stimulâns.
6. Kultuer, sport en rekreaasje
- Byldbepalende lokaasjes en monuminten yn doarpen en yn ‘t fjild
moatte yn kaart brocht wurde en bewarre bliuwe. Der moat belied foar
komme.
- Boerepaden, tsjerkepaden en doarpsrûnten moatte iepen steld wurde foar kuierders. Rinne is sûn en kostet neat.
- Lytsskalige ûntwikkelings, sa as bygelyks boerekampings en
soarchpleatsen bringe libben yn ‘e doarpen en moatte dus stipe wurde.
- Sportferienings yn ‘e doarpen moatte stimulearre wurde.
- Nije rekreaasjeinisjativen, bygelyks by de âlvestêdefarrûte en lâns noard-west farrûtes moatte stipe wurde.
- De taalnota 2009 moat wersjoen wurde. De Fryske taal moat oandacht
krije. De Fryske taal moat net twangmjittich oplein wurde mar mei
motivaasje en each foar net-Frysktaligen neistribbe wurde.
- Biblioteekwurk moat foar elkenien, seker foar de kommende jierren
oant en mei de fúzje, yn de gemeente bestean bliuwe. Dit mei net mear
kostje as de basisbydrage.
- De gemeente moat mear foech krije om it belied fan it bibioteekwurk by te stjoeren.
- Doarpshuzen moatte yn goede steat hâlden wurde. Dêr moat jild foar frij makke wurde.
7.Wurk en Inkommen
- De
jongerein moat yn Fryslân en ús gemeente wenjen bliuwe. Oansluting op wurk
en oplieding is dêrby wichtich.
Dêrta moat it ûnderwiis, gemeente en it
bedriuwslibben aktyf mei elkoar oparbeidzje. (sjoch ek 4.2, 4.3, 4.4. en
4.5)
- Yn de hjoeddeiske drege tiid fan wurkleazens
wêrtroch wurk en ynkommen net wis is, wol de FNP har ynsette foar
sosjale wissichheid. Neist stipe fan Sosjale Saken en
Wurkgelegenheid (SOSAWE) wol de FNP stribje om minsken dy't yn it
minimumynkommen telâne kommen binne, te helpen sadat se selsstannich foarsjen
kinne yn eigen ûnderhâld en dielnimme kinne oan de maatskippij.
Tink bygelyks oan:
-Wurkgelegenheidsprojekten. (sjoch ek
4.2, 8.3 en 8.4)
-Netwurkkaffee.
- De
rie moat mear foech krije yn de mienskiplike regeling SOSAWE. De FNP wol
dat de gemeenterie foech krijt oer de oanstelling fan in direkteur en de
Rie fan tafersjoch en oer de begrutting.
8. Wolwêzen en Soarch
-
Foar elkenien moat goede, betelbere en betroubere soarch levere wurde. De foarsjennings moatt
e
op peil wêze en der moatte genôch deiaktiviteiten foar âlderein út it
doarp mooglik wêze. Sa nedich moat hjir, om‘t de gemeente ferantwurdlik
wurden is foar de WMO, jild foar frij makke wurde. Alteast foar dyjinge
dy it net betelje kinne.
-
Der moatte nije foarmen fan âldereinsoarch stimulearre wurde. Alderein
en beheinden moatte sa lang mooglik yn eigen doarp wenje bliuwe kinne
mei thúshelp.
-
Buerthelp troch frijwilligers stimulearje.
-
Lytsskalige foarsjennings yn doarpen werom bringe en dat mei help fan
it bedriuwslibben en gemeente realisearje. De foarsjennings, sa as
berneopfang, sprekkeamer dokter-diëtist, biblioteek, buertwinkel ensafh.
kinne mei frijwilligers en/of mei profesjonele help dien wurde.
-
Omtinkers binne wichtich binnen de mienskip en moatte noch mear
omtinken krije. In goede balâns fan profesjonals en frijwilligers moat
goed yn ‘e gaten hâlden wurde.
JONGEREIN
- De jongerein moat mear belutsen wurde by saken yn eigen doarp en omjouwing.
- De polityk moat de jongerein mear belûke by har wurk; sosjale media binne hjiryn wichtich.
- Der moatte mear starterswenningen boud wurde om de jongerein yn de doarpen te hâlden.
9.Miljeu
-
Duorsumens moat by elke gemeentlike aksje heech yn it feandel stean.
-
De gemeente moat iepenstean foar nije foarmen fan enerzjyopwekking.
-
Boargers moatte de romte krije om sels duorsume enerzjy op te wekken, lykas mei sinnepanielen en lytse wynmûnen op it dak.
-
Kollektive enerzjyopwekking moat stimulearre en mooglik makke wurde, sûnder drege prosedueres.
-
Der moat stipe komme foar it oanbringen fan spesjale dakpannen foar fûgels en nêstkasten.
-
De gemeente moat it foech hâlde om wol/net te hânhavenjen yn guon sitewaasjes.
-
Offal moat skieden en op ‘e nij brûkt wurde.
-
Wy moatte sunich omgean mei ús boaium en net alles derút helje wolle; it bringt skea ta oan gebouwen en natoer.
-
De FNP is tsjin sâlt- , (skaly) gas- en oaljewinning út de Fryske boaium.
-
Yn alle gefallen moatte eigners yn gefal fan skea, sûnder yngewikkelde
prosedueres fergoeding krije. Dêrta moatte de winningsbedriuwen romme
reservearrings hâlde.
-
De FNP is tsjin enerzjyopwekking troch ynsidintele wynmûnens op it
fêste lân, it bringt skea ta oan it oansjen fan it Fryske lânskip. Wol
kin sjoen wurde nei grutskalige projekten yn minder kwetsbere gebieten,
sa as by de ôslútdyk lâns.
-
De FNP is foar enerzjyopwekking út sinne, wetterprojekten en ierdwaarmte.
10. Bouwe en romte
-
Foar de jongerein moatte der betelbere en kwalitatyf goede en
enerzjysunige wenten komme. Om de prizen foar jongerein leech te hâlden
kin tocht wurde oan grûn yn erfpachtgrûn út te jaan.
-
Bedriuwsterreinen en kampings moatte lânskiplik op goede wize ynpast
wurde. Benammen moatte hjir regels foar opset wurde yn
bestimmingsplannen. Bygelyks mear beplanting fan beammen.
-
Om treasteleaze sitewaasjes foar te kommen moatte ferfallen gebouwen
ôfbrutsen wurde. Yn earsten moatte de eigners ferplichte wurde om dizze
ferfallen gebouwen ôf te brekken. As dat net mooglik is moat de gemeente
dat dwaan op kosten fan de eigner. Hjirfoar moat belied makke wurde
en/of wêr mooglik rigels yn it bestimmingsplan opnommen wurde.
-
De gemeente moat ynwreidingslokaasjes opfolje mei nije wennings.
Utwreidingslokaasjes binne de earste fjouwer jier net nedich. Nije
bedriuwsterreinen binne de kommende jierren net needsaaklik.
-
Ynsamling en opslach fan ôffal fan tredden moat klustere op bedriuwsterreinen plakfine.
11.Finânsjes
-
De FNP stiet foar in sûn finansjeel belied. Net mear útjaan as dat der
ynkomt. Der moat safolle mooglik gebrûk makke wurde fan provinsjale- en
rykssubsydzjes en stimulearringsmaatregels.

-
De gemeente moat jierliks jild reservearje foar it ôfbrekken en
opkeapjen fan âlde wenningen en gebouwen (net byldbepalende), om in nije
ynfolling te stimulearjen. Dit kin foar in part betelle wurde út de WOZ
ynkomsten en ferkeap/ferhier fan de nije romten of wenningen.
-
De gemeente moat in fûns ynstelle foar wenningoanpassing, benammen foar
stipe foar byldbepalende lokaasjes en eleminten. Ut dit fûns kinne
minsken jild liene tsjin de basisrinte dy de gemeente ek kwyt is. De
liener moat it fansels wol werombetelje (revolving fund).
- De gemeentlike belêstingen meie net heger wêze as de kosten. Der mei net op fertsjinne wurde; dus kostenneutraal.
- De hichte fan ûnreplikguodbelêsting moat jierliks besjoen wurde. De
ynkomsten meie wat omheech om saken as wenningferbettering en oankeap
fan âlde ferfallen gebouwen betelje te kinnen. (sjoch ek punt 10.3)
-
Doarpen moatte op basis fan ynwennerstal in fêst bedrach krije foar
lytse putsjes. Doarpsbelang krijt it foech om it út te jaan nei't
oerlein is mei de gemeentlike doarpekoördinator.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP