De ôftraap is dien troch de earste fiif kandidaten , Rikus Sinnema, Sietie Tijsma, Jelle Bangma, Haaye Hoekstra en Thys van der Schaaf by de brêge fan Ritsumasyl (sjoch foto).
Dizze brêge sil mei de komst fan it nije akwadukt boppe Ritsumasyl ferdwine. Earder dit jier hat de FNP in nijjierskaart oan alle ynwenners fan gemeente Menameradiel stjoerd mei in tekene ôfbylding fan de Westergoabrêge by Deinum, dy't ek ferdwine sil.
De FNP is der mei ynnommen dat it Sylsterrak - in stik fan de âlde Harnzer trekfeart - yn de âlde steat werom brocht wurde sil. It Sylsterrak wie earder in tige wichtige farferbining fan Noardwest Fryslân mei Ljouwert. Ritsumasyl as doarp is ûntstien yn de 16de ieu op de grins fan de ynpoldere Middelsee.
De partij hat kultuer, sport en rekreaasje heech yn it findel en is der wiis mei dat de histoaryske rol fan Ritsumasyl respektearre wurdt. De FNP wol pleitsje foar in goede fytsbrêgeferbining oer it Van Harinxmakanaal foar fytsers en oar stadich ferkear.