NIJS   05-02-2014


Gearfetting Fierkiezingsprogramma FNP Frjentsjerteradiel

It ferkiezingsprogramma is klear! De kommende wiken sille wy jo alle haadstikken presintearje. Hjir sjogge jo ús earste 6 kandidaten en kinne jo de gearfetting lêze.

FNPFrjentsjerteradiel kandidaten 800x607 De FNP is in partij dy't opkomt foar Fryslân en syn ynwenners. De FNP stribbet nei in provinsje mei mear eigen foech dêr't de provinsje sels wikt en beskikt oer bygelyks de boaiemskatten. Taal, kultuer èn lânskip binne wichtige parten fan ús identiteit.

 

De FNP stiet in gemeente foar yn tsjinst fan de boarger. Om de boargers sa folle mooglik te belûken by it bestjoer is de FNP foar rieplachtsjende referinda oer wichtige saken. Doarpsfisys en oerlizzen mei doarpsbelangen, wykbestjoeren en doarpshûsbestjoeren binne tige wichtich en dêrnjonken moat der folle mear en iepener mei (yn stee fan oer) de ynwenners fan Frjentsjerteradiel kommunisearre wurde.

 

De FNP stribbet der nei dat minsken harren feilich fiele yn in omjouwing dêr't se sels ynfloed op hawwe. By problemen meielkoar yn petear gean en inoar oansprekke op ferantwurdlikens hellet mear út as represje en kontrôles. De (wyk)plysje moat in stypjende rol ynnimme.

 

It ferkear moat him feilich troch ús gemeente bewege kinne. Ferkearsdielnimmers moatte útnoege wurde om harren oan de snelheid te hâlden en om oan oare ferkearsdielnimmers te tinken. Wetterwegen moatte foar de rekreaasjefeart op oarder brocht wurde.

 

De wurkgelegenheid is in punt fan grutte soarch. De motor fan de ekonomy wurdt yn ús regio foarme troch de middelgrutte en lytsskalige bedriuwen. De gemeente heart wurkgelegenheid te stypjen en dy net mei ûnnedige regeltsjes te beheinen.

 

It basis- en middelber ûnderwiis moat rjochte wêze op talintûntwikkeling en de gemeente moat dat mooglik meitsje troch it beskikber en berikber te meitsjen.

 

Taal en kultuer binne bij útstek dragers fan de eigen identiteit fan de Fryske mienskip. De measte ynwenners fan ús gemeente brûke de Fryske taal, de gemeente slút him dêrby oan en stimulearret it brûken dêrfan. Ek fanút toeristysk eachweid binne taal en kultuer tige wichtich.

 

Jong oant âld moatte oan sport dwaan kinne. De gemeente heart in goede, leechdrompelige sportynfrastruktuer te befoarderjen. Sport is wichtich foar it ferbetterjen fan de folkssûnens en hat in sterke sosjaal ferbinende rol.

 

De FNP stribbet nei in mienskip dêr't nei elkoar omsjoen wurdt. Yn in sosjaal libbene mienskip telt elkenien mei. Minsken moatte sa lang mooglik op harsels en yn har eigen mienskip wenje kinne.

 

De gemeente moat ambysje toane oangeande in skjin miljeu. Dat makket ús oantreklik foar ynwenners en gasten. Wy stribje nei ûnôfhinklikens fan fossile brânstoffen en in wettersysteem dat skjin, feilich en foldwaande is sadat elts hjir sûn libje kin.

 

De romte en it lânskip binne kearnkwaliteiten fan ús gemeente, dêr binne wy sunich op by dei en by nacht. Wy wolle de iepen romte safolle mooglik iepen hâlde. Mei de boeren wolle wy nei wegen sykje dy't harren romte jout, rekken hâldend mei miljeu en lânskip. Yn tiden fan krimp en krisis is it yn stêd en doarpen wichtich om yn stee fan út, yn te wreidzjen. Rottige plakken en kiezzen opromje middels werstrukturearring en doarpsfernijing wêrtroch der wat moais foar werom komme kin en de leefberens ferbetteret.

 

De gemeente heart hoeden om te springen mei it jild fan de boargers. Der moat in ferantwurde en sûn finansjeel belied fierd wurde. Dêrbij sil it útgangspunt wêze moatte dat de lesten foar de boargers leech bliuwe. 

 

It hiele programma is taheakke as oanhingsel.



Downloads:
FNP Frjentsjerteradiel fp20142.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer