By de ûntwikkeling fan plannen lykas nijbou, stedsûntwikkeling of werynrjochting moat de befolking yn in ier stadium belutsen wurde.
By in gemeente past in iepen en klantfreonlike kultuer sawol bij bestjoerders as amtners. Yn elts gefal moatte amtners mei in baaljefunksje it Frysk aktyf behearskje.
Grutter en mear hoecht net altyd better te wêzen. It tsjinoerstelde is faak it gefal. Grutskaligens makket dat de belutsenheid ôfnimt en de kosten tanimme. Twa saken dêr't de FNP him net yn fine kin.
De FNP is fan miening dat der in ein komme moat oan it al te maklik oerlitten fan mienskipstaken oan de frije merk. De gemeente moat altyd sels stjoerings-mooglikheden hawwe. De FNP hat in brede opfetting oer it begrip mienskipstaken, in gemeentebestjoer heart him drok te meitsjen oer it wolwêzen fan de ynwenners yn de brede sin.
|
![]() |
FNPunten
|
It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje. |