De FNP fynt dat trochgeande wegen, dy't wenkearnen ferbine, 80 km diken bliuwe moatte. Dêrby is it wichtich dat by sokke diken in frijlizzend fytspaad leit.
Yn de beboude kom moat de oanklaaiing fan de dyk foar in feilige trochstreaming fan it ferkear soargje. Dêrby moatte ferkearsûnfeilige punten mei faasje oanpakt wurde.
Wetter is fan grut belang foar in soad funksjes: rekreaasje, lânbou, natuer, mar ek as oanklaaiing fan wenjen en wurkjen. De FNP wol dat de wetterwegen dy't gaadlik binne foar rekreaasjefeart befarber bliuwe of makke wurde.
In goede en mear yntegrale iepenbier ferfierferbining is wichtich foar de berikberens fan en de leefberens op it plattelân. Dizze moat oanslute op it ferlet fan gruttere groepen brûkers lykas skoalgeande jeugd en meiwurkers fan bedriuwen. Dêrnjonken moatte de tsjinstregelings fan ferskate foarmen fan iepenbier ferfier better op inoar oanslute. |
![]() |
FNPunten
|