De FNP is fan miening dat yn it foarste plak ynsetten wurde moat op in sûn midden en lytsbedriuw. De agraryske sektor is en bliuwt fan grutte ekonomyske wearde.
Toerisme en de nije ekonomy (fernijend en kennisyntinsyf) binne de nije oanjagers fan de ferbettering fan de wurkgelegenheid. Eigen inisjatyf en ûndernimmerskip moatte de romte jûn wurde. Wy moatte each ha foar besteande en begjinnende bedriuwen út eigen omkriten en ynspylje op kwaliteit troch heechweardige wurkplakken. Net mear mar better! Dit freget om in flugge digitale ferbining yn de hiele gemeente en in oansprekkende binnenstêd mei in sichtbere rike histoarje.
|
![]() |
FNPunten
|
It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje. |