De FNP sjocht Frjentsjer as kultureel- en toeristysk sintrum fan ús gemeente. Stêd en doarpen binne ryk oan kultuer en kultuerfoarsjennings. De FNP wol mei in yntegrale wurkwize hjir in ekonomyske pylder fan meitsje. De Fryske taal moat dêryn in belangryke rol spylje.
It brûken fan de Fryske taal en de útwurking dêrfan moatte fêstlein wurde yn in taalnota.
Kultuer en keunstbeoefening befoarderje de kreativiteit en soargje foar fersteviging fan it mienskipsgefoel. Us gemeente moat wêr't dat mooglik is, oansluting by it Kulturele Haadstêdbarren stimulearje.
De FNP wol it brede kultueroanbod fêstlizze; fan amateurkeunst oant profesjoneel teater en fan kultuerûnderwiis oant keunst yn de iepenbiere romte. Leechdrompelige tagong foar elts is tige wichtich.
In gemeente en stêd fan ús omfang hat in eigen selsstannich teater nedich. De gemeente moat De Koornbeurs hjirby stypje fanwege de brede maatskiplike rol dy't it hat en hawwe kin. By in âlde histoaryske stêd lykas Frjentsjer heart in gemeentlik monumintebelied; foar it behâld fan âlde gebouwen en parken, mar ek struktueren en lânskipseleminten yn it bûtengebied. |
||
|
||
FNPunten
|
||
It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje. |