De FNP fynt dat sportfoarsjennings safolle mooglik evenredich oer de doarpen ferspraat en tagonklik wêze moatte foar elkenien. Elts doarp moat in "sportfjild" ha as der ferlet fan is.
Troch it jaan fan subsydzje foar de jeugd, wurdt de ûntwikkeling fan talint stimulearre en wurdt tagelyk wat bean om de jeugd oan ús regio te binen.
De FNP wol gjin privatisearring fan de húsfesting fan de sportfoarsjennings as dit liedt ta hegere kosten foar de brûkers.
It swimbad Bloemketerp moat fansels bliuwe. Foar de swimfeardigens fan ús bern, mar foaral ek om in attraktive stêd te hâlden |
||
|
||
FNPunten
|
||
It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje. |