![]() |
De FNP hat dêrneist op it plak (Bloemketerp/Schapenweide) west wêr't it kolleezje in nije skoalle bouwe wol en freget har ôf wêrom dêr no krekt boud wurde moat, wylst der dan op in oar plak wer leechstân komt. De FNP ropt op om yn tiden fan krimp yn stee fan út, yn te wreidzjen en de nije skoalle yn it Skalsumerplan te realisearjen. Op it besteande plak (D. Oosterbaanstraat) ferbouwe, wêrtroch der wat moais foar werom komt en de leefberens yn it Skalsumerplan bliuwt! |
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Kommende sneon (8 maart) is de FNP wer op in paad! Jo kinne har witte litte hoe't jo tinke oer it plak fan de nije skoalle! Kontakt mei ôfdieling Frjentsjerteradiel is neist in persoanlik petear ek mooglik fia de fraksje of oare kontaktpersoanen op: www.frjentsjerteradiel.fnp.frl as op Facebook en Twitter.