Der sil in noch grutter berop dien wurde op selsredsumens, mantelsoargers en frijwilligers. In ferskaat oan ferienings soarget foar in libbene mienskip. De stipe fan de gemeente is hjir op syn plak.
De FNP sil lytsskalige foarsjennings yn de kearnen mei in goede thús- en mantelsoarch oanmoedigje. Foar de jongerein moatte der plakken wêze dêr't se harsels wêze kin; in eigen plak en in ta de ferbylding sprekkend útgeanssintrum yn Frjentsjer.
De kwetsbere groepen lykas de beheinden en minder bedielden sille ekstra omtinken krije moatte. In goed earmoedebelied mei each foar wurk is wichtich. |
![]() |
FNPunten
|
It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje. |