It bestjoer fan it ûndertusken selsstannige museum (los fan de KNKB) moat in nij ûnderkommen sykje no't de nije eigner fan de Friesland Bank harren de hier opsein hat. It bestjoer liket yn dy opset te slagjen no't hja in prachtich plak oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer fûn ha, yn it eardere bankgebou fan de ABN/AMRO. Tichtby it Sjûkelân mei de mânske PC-tuorren: "Hjir rekket de bal it hert". Yn dit pân kin de kolleksje syn gerak krije, kin der mei de nijste technieken wurke wurde, en kin net allinne de skiednis fan it Fryske spul ferteld wurde, mar ek de skiednis fan it ynternasjonale keatsen. Sa krijt Frjentsjer der in folweardige foarsjenning by en kin it har namme as keatsstêd wier meitsje. Boppedat krijt ien fan de leechsteande grutte gebouwen in nije bestemming en, troch de moai ûntwurpen foargevel fan arsjitekt Rein Hofstra, de Foarstrjitte in better oansjen
De FNP-fraksjes yn Provinsjale Steaten en de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel
hawwe in romme mearderheid efter harren moasje krigen om ienmalich jild
beskikber te stellen foar dit nije museum. De PvdA yn Provinsjale Steaten
stimde fan herten yn mei dit inisjatyf - ûnbegryplik dat de PvdA yn de
gemeenterie fan Frjentsjer tsjin it inisjatyf fan de FNP stimde. Noch
ûnbegrypliker is dat de PvdA no mei it idee komt om it keatsmuseum wer
ûnderdiel meitsje te litten fan it gemeentlik museum, dat swier subsidiearre
wurdt. It keatsmuseum wurdt bestjoerd én ûnderhâlden troch frijwilligers en dat
sil yn de takomst ek sa bliuwe. It binne minsken dy't it keatsen en har
skiednis yn it bloed sit en mei grutte leafde dit stikje kultuer útdrage wolle.
It keatsmuseum soarget sels foar de eksploitaasje en docht dus gjin berop op de
grutte strukturele subsydzjebedragen, lykas de PvdA yn har parseberjocht nei
foaren bringt. Mei it ienmalige jild fan provinsje, gemeente en oare fûnsen kin
it pân oankocht en ynrjochte wurde.
Kulturele Haadstêd 2018 is noch in pear jier fuort - mar mei it ynternasjonaal
bekende Planetarium, it Martemamuseum en it nije keatsmuseum is Frjentsjer dêr
wol klear foar. De stêd kin in wichtige rol spylje by de ûntfangst fan alle
toeristen dy't Fryslân besykje sille. Boppedat stekke it provinsje- en gemeentebestjoer de kommende
jierren terjochte nochal wat jild yn de toeristyske (wetter)ynfrastruktuer. De
minsken sille graach ien of twa dagen yn Frjentsjer oanlizze, mar dan moat der
wol wat te belibjen en te sjen wêze.
De PvdA wol werom yn de tiid, bringt it keatsmuseum wer nei it minimale nivo fan de 70'er en 80'er jierren en liket de keatsskiednis wer fuort te triuwen yn in sealtsje fan it gemeentlik museum. Gjin frijwilliger dy't him der noch om bekroadzje sil. De FNP docht leaver in stap foarút en set de finsters en doarren iepen om al it moaie dat wy te bieden hawwe - en grutsk op binne - yn de folle breedte sjen te litten.
In folweardich keatsmuseum - in boppeslach foar Frjentsjer.