De gemeente hat in stimulearjende rol om it bewegen te befoarderjen. Sa ek yn de foarljochting oer de sûnens, bygelyks oer alkoholmisbrûk; in probleem fan alle leeftiden dat yn alle lagen fan de befolking foarkomt.
De FNP wol duorsumens en it brûken fan skjinne enerzjy stimulearje. Foaral op it mêd fan enerzjybesparring is noch in protte winst te heljen. De FNP fynt dat solitêre wynmûnen ûnderbrocht wurde moatte yn parken mei mûnen mei mear fermogen.
Tefolle ferljochting yn it bûtengebiet is tige hinderlik foar minske en bist . Hjirby wurdt ek tocht oan ljochtútstjit bij de nijste stâlen, bij de glêstúnbou en op yndustryterreinen. |
||
|
||
FNPunten
|
||
It hiele programma stiet hjir. En jo kinne it ek as PDF delhelje. |