NIJS   27-03-2014


Nije riedsleden FNP Frjentsjerteradiel

Yn de riedsgearkomste fan tongersdei 27 maart waard de nije gemeenteried ynstallearre. FNP Frjentsjerteradiel ferdûbele mei de ferkiezings har sitten en gong fan 2 nei 4 sitten.

Sa binne neist Jan Dijkstra (fraksjefoarsitter) en Sietze de Haan no ek Gea Iedema en Hans Nauta ynstallearre. De nije riedsleden moasten de eed of de gelofte ôflizze yn it gemeentehûs. It is de lêste gemeenterie fan Frjentsjerteradiel. De riedsleden sitte oant 31-12-17 0:00 oere, om't wy as gemeente Frjentsjerteradiel fanôf 1 jannewaris 2018 opgean yn de gemeente Westergoa.

 

Boargemaster Fred Veenstra spruts de nije riedsleden ta yn de gearkomste:

"Het worden in alle opzichten boeiende tijden voor de nieuwe gemeenteraad. Er komt een herindeling aan en  nieuwe taken in het kader van de decentralisaties. En er komt een existentiële discussie over de lokale democratie. Dat maakt het niet alleen moeilijk maar ook mooi om juist nu lid van de gemeenteraad te zijn."

Lês ek de bloch fan ús boargemaster om mear te lêzen oer wat hy sein hat op: http://www.franekeradeel.nl/bestuur-en-organisatie/weblog/boodschap-voor-de-nieuwe-gemeenteraad 

 

Ynstallaasje Rie FNP 2
Ynstallaasje Rie FNP 3

 

De folgjende persoanen foarmje tegearre de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel:

  • Joop Bekkema (GB)
  • Dit Bloem-Hofman (Christenunie)
  • Maarten de Bok (PvdA)
  • Tymen Hein Corporaal (CDA)
  • Bein van Dijk (PvdA)
  • Sietze de Haan (FNP)
  • Herre Hof (GB)
  • Gea Iedema-Zondervan (FNP) 
  • Douwe Kamstra (GB)
  • Hans Nauta (FNP)
  • Joke Osinga-Bonnema (VVD)
  • Botte Ouderkerken (GL)
  • Caroline de Pee (CDA) 
  • Klaas Rodenburg (GB)
  • Mark de Roo (D66)
  • Liesbeth Terpstra (GB)
  • José Vroonland-Brandsen (CDA)
  • Anton Wijkhuijs (CDA)

Mear witte oer ús FNP-riedsleden en hoe jo harren berikke kinnen, sjoch dan op: http://frjentsjerteradiel.fnp.frl/?frysk/organisaasje/fraksje/

Wy winskje ús FNP'ers en ek de oare riedsleden de kommende fjouwer jier in protte sukses ta!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer