NIJS   31-03-2014


FNP Menameradiel sil net diel útmeitsje fan koalysje perioade 2014-2018

Gemeentebelangen hâldt winner FNP Menameradiel bûten de koalysje

Hjoed is bekend wurden dat Gemeente Belangen (GB) net in koalysje foarmje sil mei de FNP yn Menameradiel. De definitive ferkiezingsútslach fan 24 maart l.l.wiisde út dat de FNP winst boekt hie en de op ien nei grutste partij wie yn de gemeente mei yn totaal 1181 stimmen. GB hie de measte stimmen en hie yn totaal 2013 stimmen, it CDA hie 1115 en de VVD 500 stimmen.

Fraksjefoarsitter Rikus Sinnema hie tidens de neibeskôgings oanjûn dat de FNP ree is om diel te nimmen yn it nij te foarmjen kolleezje. Lykwols hat de GB der foar keazen  om op ‘e nij mei it CDA en de VVD in koalysje te foarmjen.  It GB en it CDA sille elk in wethâlder foardrage út namme fan de partij. De VVD hat in sit ferlern en komt dochs wer yn de rie, mar sil gjin wethâlder leverje. 

Op tongersdei 24 april sil nei alle wierskynlikheid it koalysjeakkoart yn ‘e rie komme. De FNP sil dan tsjinstimme en harren twifels útsprekke oer de kapabelens fan it nije kolleezje.

De nije rie is wilens ynstalleard en de FNP komt yn stee fan mei twa sitten no mei trije sitten yn ‘e rie en bestiet út Rikus Sinnema, Berltsum, Sietie Tijsma, Menaam en Haaye Hoekstra, Berltsum. 

Fan fraksjelid Bitgummer Thys van der Schaaf is op 24 maart l.l. ôfskied naam. 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer