De rie yn Frjentsjerteradiel hat 19 sitten. Yn ús lêste berjocht stean de nammen fan alle riedsleden. De grutste partij siket oare partijen út om in koalysjete foarmjen. In saak van ferkiezingsprogramma's neist elkoar lizze, petearen fiere en besykje om ta inoar te kommen.
Nei de ferkiezings hat de grutste partij (GB) de lieding nommen en ferskate fraksjes fan oare partijen útnoege foar sa'n ferkennend petear. Wy as FNP hawwe ek in oantal kearen yn petear wêst. Dizze petearen wienen goed en dêrby binne gjin saken foarby kommen dy't gearwurking foar de kommende 4 jier yn de wei stienen.
Mearderheid
As de winner 5 sitten hat, siket hy der faaks noch partijen by dy't mei-inoar nochris 5 of 6 sitten besette (sa komme jo op 10 of 11 sitten). Sy foarmje dan de koalysje en sa hawwe se altyd in mearderheid as der besluten nommen wurde moatte. Sy leverje ek de wethâlders foar it kolleezje fan B&W.
De 9 of 8 sitten dy't oer bliuwe binne de sitten fan de fraksjes dy't net mei dogge yn de koalysje en dêrtroch in oare rol hawwe. Jo rol as riedslid kin sa in rol wêze fan bestjoeren (yn koalysje) of allinnich opponearjen (yn opposysje).
![]() |
Meastentiids wurdt yn de media skreaun: de rie hat besletten dat... derby kin it sa wêze dat allinnich de koalysje foar it foarstel stimd hat. Se hawwe hjir yn Frjentsjerteradiel mei 10 of 11 fan de 19 sitten al in mearderheid.
|
Opposysje
Fan ‘e wike is bekend wurden dat de rol fan ús FNP-fraksje yn de kommende 4 jier opponearjen wurdt. Wy komme dus net yn de koalysje en binne as dé grutte winner swier teloarsteld. Dat litte we efkes besinke...
De taak fan ús riedsleden (Jan Dijkstra, Sietze de Haan, Gea Iedema en Hans Nauta) is en bliuwt fansels dat sy alle belangen en seker dy fan jo en de koalysje tsjin inoar ôfweagje moatte. Sy sille har ek yn dizze rol mei in protte entûsjasme foar de gemeente Frjentsjerteradiel ynsette.
Us missy: Dwers as it nedich is en
rjochtút as it kin! Want de FNP docht it foar jo!